|
It Fryske
Folksliet
|
It
Fryske folksliet is it liet "De Alde Friezen".
"De
Alde Friezen" is skreaun troch Eeltsje Halbertsma (1797-1858),
en foar it earst publiseare yn de twadde printinge fan "De Lapekoer
fen Gabe Skroor", yn 1829.
De melodije is fan "Vom hoh'n Olymp", dat Halbertsma faaks
leard hat yn de tiid dat er studint wie yn Heidelberg.
It wie opnaam yn de earste printinge fan Rimen
en Teltsjes, yn 1871. Doe't yn 1875
yn Grou
in monumint foar Eeltsje Halbertsma oprjochte waard, waard dit liet
songen ta syn neitins, en dat wie doe as wie dat in folksliet. Op
foarspraak fan Jelle
Troelstra is it yndie dat jier noch troch it Selskip
foar Fryske Taal- en Skriftekenisse oannaam as `Frysk
Folksliet'.
It
liet wie yn 1876 opnaam yn de earste printinge fan "It Lieteboek",
letter "Frysk Lieteboek". Jacobus fan Loon wie in redakteur
fan "It Lietboek", en hy brocht it tal fan fersen werom fan sān
nei fjouwer. It earste en it lźste fers binne oernaam hast sa't
Halbertsma se skreaun hie, mar dźrtuskenyn binne mar twa oare fersen
opnaam; oanpaste ferzjes fan it sechde en fyfte fers. It is disse ferzje
dy't al gau populźr wurden is, en no as it Frysk Folksliet beskōge
wurdt.
|
Halbertsma
/ Van
Loon
|
Fia You Tube is it Frysk folksliet ek te belústerjen |
|
Frysk bloed tsjoch op!
wol no ris brūze en siede,
En būnzje troch śs ieren om!
Flean op! Wy sjonge it bźste lān fan d'ierde,
It Fryske lān fol eare en rom.
Klink dan en daverje fier yn it rūn
Dyn ālde eare, o Fryske grūn!
Klink dan en daverje fier yn it rūn
Dyn ālde eare, o Fryske grūn! |
|
|
Hoe ek fan oermacht, need en see
betrutsen,
Oerālde, leave Fryske grūn,
Nea waard dy fźste, taaie bān ferbrutsen,
Dy't Friezen oan har lān ferbūn.
Klink dan en daverje fier yn it rūn
Dyn ālde eare, o Fryske grūn!
Klink dan en daverje fier yn it rūn
Dyn ālde eare, o Fryske grūn! |
Fan būgjen frjemd, bleau by 't āld folk yn eare
Syn namme en taal, syn frije sin;
Syn wurd wie wet; rjocht, sljocht en trou syn leare,
En twang, fan wa ek, stie it tsjin.
Klink dan en daverje fier yn it rūn
Dyn ālde eare, o Fryske grūn!
Klink dan en daverje fier yn it rūn
Dyn ālde eare, o Fryske grūn! |
|
Trochloftich folk fan dizze ālde namme,
Wźs jimmer op dy ālders grut!
Bliuw ivich fan dy grize, hege stamme
In grien, in krźftich bloeiend leat!
Klink dan en daverje fier yn it rūn
Dyn ālde eare, o Fryske grūn!
Klink dan en daverje fier yn it rūn
Dyn ālde eare, o Fryske grūn! |
|
|
|
|
|