| |
DIGITALISEARRING ARGYF LEEUWARDER COURANT --- NEI IN OAR TOANIELBELIED? ---- DE SKIEDSKRIUWING OER IT BOUN EN DE KRITEN ---- DE TAKOMST FAN IT BOUN EN DE KRITEN
KADERDAGEN EN WYKEINEN
Op freed 1 en sneon 2 oktober 2010 wie der wer in kaderwykein op Fredeshiem
yn De Bult by Stienwyk.
de foto's fan it wykein yn 2010 binne hjir te sjen (makke troch Jan Bosgraaf)
it ferslach fan it wykein yn 2010 is hjir te sjen
de foto's fan it wykein yn 2008 binne hjir te sjen
FERSLAGGEN FAN IT KADERWYKEIN FAN IT FRYSK BOUN OM UTENS 13-14 OKTOBER 2006:
FOTO'S FAN DIT WYKEIN BINNE HJIR TE BESJEN
DIGITALISEARRING ARGYF LEEUWARDER COURANT De ûntfangst wie bûtendoar, sok moai waar wie it freedtemiddei 13 oktober 2006 yn De Bult. Eltse nije ynkommer krige in rap droechwreaune stoel oanbean en kofje en tee fansels. Kertier oer trijen setten wy út ein, om te begjinnen mei de hearen Eddy van der Noord fan de Ljouwerter Krante en Lourens Oldersma fan Tresoar, dy’t ús in presintaasje jaan soene fan it digitalisearringsprojekt fan it argyf fan de Ljouwerter Krante. Van der Noord is projektlieder by it realisearjen fan de plannen om it hiele krante-argyf (fan 1752 oant no ta, dêr’t dus ek it Napoleontysk tiidrek yn falt) te digitalisearjen. Leeuwarder Courant en Tresoar De Ljouwerter Krante docht dit yn gearwurking mei Treasoar om dêrmei in wichtich part fan it Fryske kulturele erfgoed - it deistich libben fan 250 jier - fia ynternet seker te stellen, te ûntsluten en tagonklik te meitsjen. Foar de boarger dy’t niget hat oan histoarysk en/of genealogysk ûndersyk in unyk projekt, fanwege de omfang, it tiidsbestek en de brûkte talen: âld- en nij-Frysk, âld- en nij-Nederlânsk èn Frânsk (“Journal du Department de la Frise”: Dagblad van het Departement Vriesland) SDALC en X-Cago SDALC is al in begryp en stiet foar Stichting Digitaal Archief Leeuwarder Courant, in ûnôfhinklike stichting dy’t subsidiearre wurdt troch it ryk en de provinsje. Meidoggers binne fierder de Provinsje Fryslân, Fryske Akademy, Van Dale en X-Cago. It lêste is in multimediabedriuw yn Roermond, dat him 7 dagen 24 oeren yn ploegetsjinst dwaande hâldt mei it yn kleur scannen fan alle jiergongen. Dat jout dan wolris swierrichheden dy’t oplost wurde moatte, lykas de skreane stikken yn ‘e kantline fan hiel âlde kranten, of de ynbûne jiergongen fan 1995-2005 dêr’t de binnen-kantlinen net fan scand wurde koene. Dêr ha se doe de losse kranten fan Tresoar foar brûkt. Om foar te kommen dat minsken blêdzje moatte, wurdt der foar soarge dat it hiele argyf trochsykber makke wurdt op trefwurden (ynklusyf staveringsfarianten en synonimen) lykas plaknammen, famyljenammen, ûnderwerpen, titels, kolommen, advertinsjes en foto’s. De eardere kranten wiene op better papier printe as dy fan no, dêr’t it papier gauwer fan fersuorret. Dêrom wiene dy al op mikrofilm setten. Yn Tresoar, Histoarysk Ynstitút en by de LC steane mikrofilm-readers en dêr sitte alle dagen minsken achter, mar it wurket nochal omslachtich. Dêrom is dit sa’n unyk projekt: 800.000 siden mei 10.000.000 losse artikels, te rieplachtsjen op ynternet, dus op de hiele wrâld. Doelgroepen en rjochten Wa binne de doelgroepen? Yn ’t foarste plak de abonnees fan de Ljouwerter Krante, dy hawwe altyd tagong. Fierders pashâlders fan Tresoar, histoarisy, sneupers, genealogen, Fryske kriteleden, advertearders en ynstânsjes lykas de Fryske Akademy, bibliotheken, de omrop, Universiteit Grins, It Fryske Gea, skoallen. Der is dan wol gjin winsteachmerk, mar der moat al fertsjinne wurde om de saak te ûnderhâlden. Der soene abonneminten oanbean wurde kinne of deikaarten op foarsiden en temasiden lykas “WO II” – “Skûtsjesilen” – “Genealogy”. It printsjen fan publikaasjes foar privé-gebrûk mei wol, mar wurdt it offisjeel, dan moat dat meld wurde, want de rjochten lizze by SDALC. It projekt wurdt stipe troch û.o. Prins Bernhard Cultuurfonds, Je Maintiendrai Fonds en VSB-fonds. Temasiden Foar de temaside WO II wurdt gearwurke mei it Verzetsmuseum yn Ljouwert. Dy lit it deistich libben en de rol fan de parse yn WO II sjen. De bedoeling is om mei te wurkjen oan it projekt “De Leeuwarder Courant 1940-1945”, dêr’t in exposysje, in DVD en in lesbrief foar de basisskoalle oan wijd wurde. Mei it each op de betinkingsdagen 4 en 5 maaie sil de presintaasje dêrfan yn maart 2007 wêze. Oar wurk Ien fan de fragen fan de tahearders wie: Wurde Frysk Deiblêd en Friese Koerier op’en doer ek digitalisearre? It antwurd wie: Dat soe kinne. De Keninklike Bibliotheek is ek dwaande meardere kranten te digitalisearjen. Lokale nijsblêden wurde yn alle gefallen al meinommen, op deselde wize as de stedsedysje fan de Ljouwerter Krante: losse artikels, advertinsjes, foto’s. Yn maart 2006 is it digitalisearjen út ein set. Yn juny 2007 hoopje de foarmjouwers it gehiel opleverje te kinnen. De foarsitter fan dit kaderwykein (en fan It Frysk Boun), de hear Hans Dijk betanket de beide ynlieders foar harren poerbêste útlis fan in projekt dat in tige wichtige bydrage betsjutte sil op wittenskiplik, edukatyf en maatskiplik flak. Dêr binne de tahearders it hielendal mei iens, dus applaus. Afke Bergstra |
NEI IN OAR TOANIELBELIED? De freedtejûns 13 oktober 2006 ha wy ús bûgd oer in tal fragen oangeande de takomst fan de toanielploegen. Toanielspyljen is eins de kearn fan ús kriten, toaniel hâldt ús by de taal. Eartiids hie sawat eltse Fryske krite bûten Fryslân in toanielploech. Dan spile dy earst foar de eigen krite dêr’t dan famylje en kunde op ôfkaam. Dat stimulearre om nei oare kriten ta te gean en dêr ek op te treden. Dat joech in moaie útwikseling. Doe’t dat allegear wat begûn ôf te nimmen moasten der toanielploegen út Fryslân komme, ek in goede saak fansels, mar wol djoerder. In oare stipe wie – en is noch wol – de toanielkriich dy’t alle jierren hâlden wurdt. Der wurde karmasters oplaat. En der wurde toanielstúdzjedagen belein, wêrop mei ynmoed treend wurdt. Profesjonele spilers jouwe dêr s.n. workshops. Mar de fergrizing slacht hjir ek ta. Net allinnich it ledetal fan de kriten rint tebek, ek harren toanielploegen kinne net genôch spilers mear fine om gewoane jûnfoljende stikken te spyljen. Foarsitter Hans Dijk makke handich 4 ploegen fan de dielnimmers en lei harren 4 fragen foar. Us yntermediêr dêrby wie de hear Klaes Wielinga út Feanwâlden, dy’t û.o. programmamakker by Omrop Fryslân west hat en him tige by it Fryske toaniel belutsen fielt.
Fraach 1 gie oer de stân fan saken: Hawwe de kriteleden belangstelling foar toaniel? Komme sy op in kritejûn as der toaniel is? Of binne oare jûnen better beset? Fraach 2 gie oer de foarkar foar in toanielploech út Fryslân, in ploech fan in Fryske krite om utens of in eigen toanielploech. Yn fraach 3 waarden de mooglikheden om te kommen ta dielstoanielploegen of in Bounstoanielploech ôftaast. By fraach 4 moasten wy ús ôffreegje oft der in oare ynfolling fan in kritejûn ferwachte waard, om’t de tiden feroarje en de belangstelling foar toanieljûnen liket ôf te nimmen. Binne der noch ljochtpuntsjes?
Antwurden. Ut de antwurden op fraach 1 waard dúdlik dat toanieljûnen noch altyd de foarkar hawwe boppe oare kritejûnen. Blijspullen skoare dêrby better as drama’s. By jubilea besykje kriten faak in Rients Gratama of Lytse Teake te krijen en al is dat djoer, de minsken wolle der wol foar betelje. Kabaret wurdt ek wol waardearre, mar dan leaver mei mear as ien spiler. De akkomodaasje docht der ek in soad ta. By it beäntwurdzjen fan fraach 2 die bliken dat (wer) in eigen ploech dochs wol in bining jaan soe, dêr komt altyd famylje en in soad kunde op ôf. Maar spitigernôch binne se der hast net mear. Dan mar in ploech fan in oare krite om utens, dy is sa djoer ek net as in ploech út Fryslân. Mar dy út Fryslân spylje faak wat moderner stikken.Yn in soad gefallen wurde de stikken earst wol op gaadlikheid besjoen. Fan fraach 3 waard sein dat oer in dielstoanielploech te praten foel, mar oer in Bounstoanielploech perfoarst net. Dan moatte spilers sa fier reizgje om te repetearjen, dan soe It Boun wol bydrage moatte yn de kosten. Der wiene guon dy’t seine: eltse hobby kostet jild, dus gjin fergoedingen. Mar it skynt dat der ek spilers binne dy’t oars net komme wolle as dat sy reis en ûnkosten fergoede krije. Je soene dan oergean moatte ta it repetearjen yn ferskillende plakken. It is no sa dat troch it ôfnimmende tal spilers der al wol spilers fan oare ploegen liend wurde, mar dat hat ek syn beswieren, want sa’n ien spilet ek noch yn de eigen ploech en kin net op twa plakken tagelyk wêze. Regionalisearring betsjut yn alle gefallen in soad organisaasje. Fraach 4 krige it antwurd dat minsken ek foar de gesellichheid komme en foar de taal en dus ek wol nei jûnen of middeis takomme dy’t oars ynfold wurde, mei lêzingen, ekskurzjes en sa. It is faak in lytse trouwe kearn dy’t oeral hinne giet. Der wurdt al sa’n soad besocht om it toanielspyljen wer op te krikken, mar it brekt jin by de hannen om ’t ôf. Ljochtpuntsjes binne der net folle te sjen. Wy hiene in befleine gesprekslieder
yn de persoan fan Klaes Wielinga. (en hy befêstige dat letter nochris yn in e-mail oan It Frysk Boun): “dat it hawwen fan in yndieling yn trije regio’s oer it lân in oplossing wêze kinne soe. Lit trije toanielploegen funksjoneare! Ien yn noard-east, ien yn east-midden en ien yn midden-west. Lit dy ploegen ek alle jierren in stik ynstudearje – stopje der likegoed no en dan ek ris in ienakter yn – bring in kearn fan (seis?) spilers byelkoar en lien de oaren (list mei alle beskikbre spilers meitsje!) dy’t nedich binne fan kriten yn deselde buert/streek. Lit elke ploech de kriten yn de buert dêr omhinne bestrike mei opfierings fan it stik en gean dêrnei ek nei de oare twa regio’s. In program fan útwikselings dus mei sa min mooglik mankrêft mar qua stikken en kosten effisjint(er).” Afke Bergstra |
DE SKIEDSKRIUWING OER IT BOUN EN DE KRITEN Sneontemoarn 14 oktober kaam der in ynlieder dy’t ris yn ferskate boarnen oer de skiednis fan It Boun en de kriten dûkt wie, de histoarikus en skriuwer drs. Kerst Huisman. No’t it Frysk Boun om Utens hast 85 jier bestiet wolle wy dy hiele skiednis yn in boekwurk fêstlizze: de skiednis fan de Friezen om utens yn Nederlân en it bûtenlân yn organisearre ferbannen of dêroan relatearre, dêr moat it oer gean. Fragen dêrby binne: Wa moat it boek oansprekke, oan hokker easken moat it foldwaan, hoe moat it opboud wurde en wa docht it wurk? Sa’n boek moat de gewoane kriteleden oansprekke en fierders elkenien dy’t it ferskynsel ‘Fries om utens’ nijsgirrich fynt. Harren ynteressearret it wêrom as dy Friezen allegear fuort en fier fuort teagen. En hoe’t der doe Fryske kriten ûntstiene sawol yn Nederlân as yn it bûtenlân. En hoe gau kaam der doe in oerkoepeljende feriening, It Frysk Boun om Utens? En wêr wie dy no krekt foar nedich? It boek moat dêrom noflik, net dreech, te lêzen wêze. Der moat in protte dokumintaasje yn, mei foto’s, nammen en data en in soad anekdoatyske gegevens. Us tinkboek moat net in sosjologysk ûndersyk wurde, fine wy, en dat wit Huisman dan ek, ‘mar’, seit hy, ‘wy moatte wol gebrûk meitsje fan sosjologysk ûndersyk’. As foarbyld neamt hy de útjefte “Friezen om Utens” fan dr. L. Jansma en drs. G. Jelsma, út 1996, dêr ’t de kriten folop oan meiwurke hawwe. Yn 1993 wie der al foarûndersyk dien yn it tydskrift “It Beaken”. Yn 1949 stie dêr trouwens ek al in ideologysk en striidber artikel yn fan de hân fan L. Bouma : “De Fries om utens, útkomsten fan in enquête”. Yn ferskate jiergongen fan it wykblêd “Sljucht en Rjucht” komme je ek hiel wat tsjin oer de Friezen bûten Fryslân. Dêr steane dan ek wolris moaie anekdoates yn, Huisman lêst der ien fan foar út 1912. It wykblêd waard útjûn by útjouwerij Eisma en Waling Dijkstra wie dêr yn 1890 en fan 1897-1914 redakteur fan. Nei WO II waard it “Frysk en Frij”, útjûn troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse e.o. Apart is dat dêr in grut tal advertinsjes út Hollân yn stiene, yn it Frysk, wylst Fryske bedriuwen harren advertinsjes yn it Hollânsk pleatsten. Ek de beide Fryske deiblêden binne goede boarnen. Dy binne katalogisearre en te finen yn Tresoar. De Bounsdei yn 1938 yn Amersfoart mei û.o. in iepenloftspul waard dêryn ferslein troch J. Winkelman. Dêr hat doe ek in film draaid, soe dy noch bestean? Op 25 maart 1897 skreau Jan Jelles Hof dêryn oer in sprekker by de Fryske krite te Utert en sels spruts hy yn dat jier oer it Frysk yn Amsterdam. Om 1900 hinne wiene der ek al Fryske kriten yn it bûtenlân, yn Afrika yn Pretoria en Johannesburg (“Nocht en Wille”, midden yn ‘e Boere-oarloch), mar ek yn India, Australië en Amearika, dêr’t de emigraasje yn 1845 hinne út ein setten wie (B.B. Haagsma “Lotgevallen O.H. Bonnema en zijn Togtgenooten”. 1853). Yn Seist wennet in Fries dy’t de Fryske krite op Sumatra noch mei oprjuchte hat. Der gongen en geane noch wol toanielploegen nei Kanada te spyljen. En de Ljouwerter Krante wurdt yn alle fiif de wrâlddielen lêzen. In Broersma skreau oer de kriten fan Grinslân en oer dy yn Dútslân, yn East- en Noard-Fryslân. Goasse Grouwstra hat dêr ek oer skreaun. In plak as Recklinghausen hie bygelyks ek in soad Fryske ynwenners. En Jan Jongsma wit ek in soad oer de Friezen yn it bûtenlân. Men freget jinsels ôf wêrom ’t
der sa’n úttocht west hat. Dan wurdt der diskussieard oer
de omfang dy’t it boek ha moat, 200 of 500 siden? Ien fan de lêste krite-tinkboeken
is dat fan Apeldoarn, in prachtige útjefte. Soe dat in foarbyld foar ús
wêze kinne? Foar de Friezen yn it bûtenlân hoege der gjin sneupersreizen
makke te wurden, dat spul kin út de kranten helle wurde. Eltse krite kin ek syn eigen skiednis op de webside fan It Boun sette. Huisman ried ús oan net nei folsleinens
te stribjen en it liket him ek better ta om in redaksje te foarmjen en
it skriuwen net oan ien persoan oer te litten. It wêrom fan de úttocht fan Friezen
nei oare oarden is in tige nijsgirrich aspekt fan sa’n skiedskriuwing.
Drs. Kerst Huisman seit net nee en net ja, mar him rieplachtsje mei altyd. De sprekker hat fêst guon ynspirearre om oan ‘e slach te gean. Mei hantsjeklappen wurdt er betanke en offisjeel docht foarsitter Hâns Dijk dat ek. Afke Bergstra |
DE TAKOMST FAN IT BOUN EN DE KRITEN Sneontemiddei 14 oktober 2006 ha wy ús, foardat de gesprekslieder arrivearje soe, earst dwaande hâlden mei de fraach oft der wer in Friezedei komme moat fanwege it 85-jierrich bestean fan It Frysk Boun om Utens yn 2008 en sa ja hoe’t dy dan ynfold wurde moat. Dêr is û.l.f. Hans Dijk yn groepen
oer praten.
By fraach 1 jildt dat de fergrizing taslacht, dat der mear minsken ôffalle – troch âlderdom en ferstjerren – as dat der bykomme. En it slagget eins net om der jongelju by te krijen, ek al net om’t se hast neat oars sjogge as grize hollen. Faaks is der mear út te heljen as der kompjûters ynsetten wurde en as wy trûbadoers lykas Piter Wilkens optrede litte. Foar fraach 2 jildt itselde. Kriten wurde opheft inkeld en allinnich om’t der gjin nije bestjoersleden te finen binne en de sittenden te âld wurde. Fraach 3. Ut de foarige antwurden folget dat wy it miskien sykje moatte yn dielskriten. Dan soene je mei minder bestjoersleden ta kinne. Ien Fryske krite yn in regio dêr’t no in stik as fiif sitte en dan de kritejûnen (sawol toanielstikken as lêzings en oare aktiviteiten) wikseljend yn ferskillende plakken hâlde. Fraach 4. De measten sjogge it net sitten om de kriten sels as in histoaryske feriening funksjonearje te litten. Wol is der belangstelling foar histoaryske ûnderwerpen. Dêr komme noch wolris ûnferwacht folle minsken op ôf. En as in lêzing yn it Nederlânsk hâlden wurdt, komme der ek wol net-Friezen. Soks kin dan ek noch wolris mei in op sa’n ûnderwerp oanslutende ekskurzje nei in museum of in útstalling útwreide wurde. Fraach 5. Parseberjochten binne hiel wichtich en de hear Hibma koe ús dêr brûkbere tips foar jaan. It bêste is it berjocht altyd oan ien (en deselde) persoan te rjochtsjen, leafst ien dy’t kunde is fan in krite(bestjoers)lid. En dy lêste dan ek altyd it parseberjocht útdwaan litte. En it oars nei de kulturele redaksje stjoere. Yn de tekst daliks mei it ûnderwerp út ein sette, en tinke oan de trije w’s wat – wêr – wannear. Altyd twa berjochten stjoere, ien foar de aginda en ien foar de redaksje. Noait prizen neame, foto’s altyd as bylage. It berjocht ek nei de pleatslike kabel-tv stjoere. Foar ynljochtings ferwize nei in kritelid dat yn ‘e buert wennet. As in kritelid bekendheid troch wat oars krigen hat, wol dat ek noch wolris helpe. Fraach 6. Stimulânsen foar de krite. De krite sjen litte op in s.n. uitmarkt. Hjoed de dei sjen om mei it winterprogramma op de webside fan de gemeente te kommen en dat aktueel hâlde. De kriten moatte ek mear harren programma’s nei de webside fan It Frysk Boun om Utens stjoere, altyd yn in bylage by in e-mail. Kritebledsjes binne faak net betiid genôch by alle bestjoersleden, dêrom nei eltse aktiviteit even oan Hâns Weijer witte litte hoe’t it foldien hat. Dy jout it wol wer troch. Elkoar net allinnich fia de kritebledsjes op ‘e hichte bringe, mar ek leden (en harren kunde) ûnderling fia e-mail op aktuele saken wize. Neidat foarsitter Hans Dijk de hear Hibma betanke hat foar syn treflike lieding en de oaren dat mei hantsjeklappen befêstige hawwe, wurdt der noch efkes weromsjoen op beide dagen en is it algemien befinen dat it in tige slagge kaderwykein west hat en it tahâlden op Fredeshiem ek wer tige by tige wie. Afke Bergstra |
Op freed 13 en sneon 14 oktober 2006 sil der wer in kaderwykein hâlden wurde op Fredeshiem yn De Bult by Stienwyk.Wy hawwe dêr ien- en twapersoanskeamers ta ús foldwaan. Sa’t jimme witte binne kaderbyienkomsten net allinnich bedoeld foar de sittende bestjoersleden, maar ek foar oankommende bestjoersleden en meiwurkers/net-bestjoersleden en mooglik harren partner. Wy begjinne it wykein lykas yn 2004 de freeds om 14.30 oere en einigje it de sneons om 16.30 hinne. Freedtejûns is der in waarm miel.
Program
Freedtemiddei
Sa’t it no stiet sil de hear Eddy van der Noord fan de Ljouwerter Krante dan in presintaasje jaan fan de plannen om it krante-argyf (fan 1752 oant no ta) kompleet te digitalisearjen. De Ljouwerter Krante docht dit yn gearwurking mei Tresoar om hjirmei in grut part fan it Fryske kulturele erfguod seker te stellen, te ûntsluten en tagonklik te meitsjen. It projekt sil in tige wichtige bydrage betsjutte op wittenskiplike, edukative en maatskiplike flakken. It is in unyk projekt fanwege de omfang (± 800.000 krante-siden), it tiidsbestek en de brûkte talen. It is ek net te ferlykjen mei wàt foar oar digitalisearringsprojekt dan ek. De ûntsluting fan de earste 100 jier is hielendal unyk (û.o. Napoleontysk tiidrek)! As ien fan de wichtige doelgroepen wurdt neamd de Fryske (en Nederlânske) boarger dy’t niget hat oan histoarysk en/of genealogysk ûndersyk (en wa hat dat no net). De hear van der Noord is de projektlieder fan it gehiel.
Freedtejûn
Dan komt der in hyt hingizer oan, d.w.s. de takomst fan ús toanielploegen. Kinne wy mei minder spilers in sadanich repertoire biede dat der mei nocht nei sjoen en nei útsjoen wurde kin? En is in dielstoanielploech in mooglikheid? Of lyk as earder in Bounstoanielploech? Of moatte wy de takomst fine yn ienakters….? De hear Klaas Wielinga út Feanwâlden, âld-programmamakker by Omrop Fryslân en tige belutsen by it Fryske toaniel, wol ús yntermediêr wêze by wat wysels oandrage as ideeën. Nei ôfrin fan it ‘sereuze part’ is der noch gelegenheid ta in noflike neisit mei in drankje.
Sneontemoarn
Dan sille wy it meielkoar hawwe oer de takomst fan It Boun en de kriten. Dêr is skreaun materiaal oer, want it giet fansels tagelyk oer de fergrizing binnen ús kriten.
Underskate kriten hawwe dêr ek al mei oan ‘e gong west. In probleem is ek dat by ferskate kriten de bestjoersfunksjes net mear ynfolle wurde kinne. Men kin jin yn dat ferbân ôffreegje oft de organisaasje (Boun – Diel – Kriten) sa bliuwe moat of dat der yn guon regio’s ien (diels)krite wêze kinne soe, dy’t wikseljend yn meardere plakken in kritejûn organisearret.
Of moatte wy de aktiviteiten oanpasse? Bygelyks mear nei de histoaryske kant ta, troch as kriten nei te gean oft de fêstiging fan Friezen yn in plak of de regio de ûntwikkeling dêr ek beynfloede hat. De ienige ferienings dy’t langer noch groeie, binne nammentlik de histoaryske ferienings. Wy betinke noch wol hoe’t wy dat ûnderwerp krekt stâl jaan sille.
Sneontemiddei
It fêstlizzen yn in boekwurk fan de skiednis fan It Boun en de kriten komt dan oan bar.
Wy wolle dêr oerliz mei jimme oer hawwe, want dat kin op safolle wizen barre. De skriuwer sil dêr de hannen oan fol krije en wy moatte der meielkoar út komme hoe’t wy it graach ha wolle en hoe’t wy dat projekt ta in goed ein bringe kinne. It bestjoer sil mei in rûge opset foar
de ynhâld fan it boek komme. Histoarikus en skriuwer drs. Kerst Huisman sil op ien en oar yngean.
De Friezedei 2008.
Wat wy yn dat wykein ek beprate wolle, mar dan mear yn de ynformele sfear, tusken de bedriuwen troch, is de ynfolling fan de Friezedei yn 2008. Fragen dy’t dêrby opkomme binne û.o.:
Opjefte en kosten
Wy moatte meikoarten witte op hoefolle minsken wy rekkenje kinne, dat wy wolle graach witte hoefolle ôffurdigen fan jimme krite dêrhinne geane. Nei opjefte krije de dielnimmers mear ynformaasje oer it programma tastjoerd. De kosten binne deselde as yn 2004. De bydragen binne net kostendekkend en it tekoart komt foar rekken fan It Boun. It oernachtsjen wurdt net apart berekkene, in stimulâns liket ús om freedtejûns te bliuwen en beide dagen folslein mei te meitsjen. De ûnderfining leart dat de frije oerkes bydrage ta in fersteviging fan de ûnderlinge kontakten. It kaderwykein fan 2004 wie in grut súkses! Wy hoopje it yn 2006 ek wer wiermeitsje te kinnen. Der wiene doe 35 dielnimmers wêrfan fierwei de measten beide dagen meimakke hawwe.
De kritebestjoeren wolle wy yn oerwaging jaan de kosten fan op syn minst ien fan harren dielnimmers foar rekken fan de krite komme te litten. As de bestjoeren sa goed wêze wolle en berjochtsje ús sa gau mooglik oer it tal dielnimmers en hoe’t harren kar útfallen is, dan tankje wy harren dêr alfêst tige foar.
Kosten: € 70,- foar it hiele wykein (freed 14.30 oere - sneon 16.30 oere)
€ 35,- foar allinnich de freeds
€ 35,- foar allinnich de sneons
It bedrach graach foar 1 augustus oermeitsje nei postbanknûmer 320077 of Friesland Banknûmer 2980.23.857 fan It Frysk Boun om Utens, Dalfsen, mei it neamen fan “kaderwykein 2006”.
Opjaan - foar 17 juny - en ynljochtings by Afke Bergstra, Bruijnings Ingenhoeslaan 250, 2273 KX Voorburg
070-3866475 / 06-21946859, e-mail: bergstra@xs4all.nl
Kaderwykein 15 en 16 oktober 2004
Lezing Hindrik van der Meer -- Lezing Hans Brans -- Lezing Kijlstra -- fryske karbrief -- weromsjen kaderwykein 2004