Hiemside Kriten Bestjoer Boun Berjochten Boun Doelstellings Boun Kaderdagen Omrop Fryslân Eveneminten yn Fryslân Links Gasteboek
Nijsbrief Ambyld AG Skiednis projekt Ynfomap Dielgearkomsten Spyllist STAF ---- IFAT Mingd Nijs Toaniel

 

OMROP FRYSLÂN EN DE FRIEZEN OM UTENS

de kabel -- de sitewaasje no -- de technyske takomst -- wat te dwaan -- omrop Fryslân op de kabel krije  

omrop Fryslân wurdt der wer ôfhelle -- nij op'e kabel -- frekwinsjewiksel -- De Friezen om Utens en Omrop Fryslân

 

 

Omrop Fryslan
It is noch altyd net sa fier dat Omrop Fryslân oeral yn Nederlân maklik te űntfangen is. Węr leit him dat oan? Technysk soe it kinne, mar it kostet in soad jild en de geasten binne noch net ryp om dat der foar oer te hawwen. Dat jild moat yn it foarste plak fan it Ryk en de Provinsje komme.
Omrop Fryslân stiet posityf foar de idee oer om alle Friezen bűten de provinsje berikke te kinnen, mar der is gjin romte foar de ekstra ynspanning dy’t dat ferget (personiel en materieel) omdat de finansjele middels ornearre binne foar de regionale omrop binnen de provinsje Fryslân. Omrop Fryslân is gjin nasjonale omrop. Hy hat yn Fryslân in grut draachflak mar de konkurrinsje fan de kommersjele omrop set hiel wat saken op skerp. Omrop Fryslân kin it wurk foar dy Friezen om utens der net samar efkes by dwaan. Fansels telt ek mei dat Omrop Fryslân noch net alle dagen fernimt dat der Friezen om utens besteane, dy’t reagearje op útstjoerings dy’t no al troch dy Friezen te űntfangen binne (sjoch hjirnei). De bân tusken de harkers/sjoggers bűten de provinsje en Omrop Fryslân is noch net botte űntwikkele.

De kabel

In grutte tűkelteam by it stribjen om Omrop Fryslân op de kabel te krijen is de hâlding fan de Programmarieden en de kabeleksploitanten. Yn it fermidden fan de lokale Programmarieden, dy’t neigean moatte wat it publyk hearre en sjen wol, is it lűd fan de Friezen-om-utens net sterk genôch. De kabeleksploitanten fertsjinje net oan in publyk kanaal, mar moatte der wol (apparatuer-)kosten foar meitsje. Se hawwe hjoed-de-dei in monopoly en dat sil noch stikmannich jierren sa bliuwe. Dochs binne nije technyske mooglikheden om dy posysje te brekken op kommendeweis (sjoch hjirnei). Neffens de Mediawet binne de kabellju wol ferplichte om de Flaamsk/Belgyske radio en TV yn hiel Nederlân berikber te meitsjen, mar dat jildt net foar de Friezen. Ús protest dęr tsjin (mei stipe fan Prov.Steaten) waard troch steatssekretaris van der Ploeg ôfwiisd, ek al fűn er ús arguminten “valide”.
Sadwaande, swierrichheden by’t soad!
De sitewaasje no

Dochs hawwe wy yn de ferrűne jierren it ien en oar berikt: De Mediawet wurdt no sa tapast dat de útstjoerings fan Omrop Fryslân net beheind bliuwe moatte ta de eigen regio (sa as by oare regionale omroppen). Der is petear mei de Provinsje. De Friezen om Utens ha in eigen formele sit krigen yn de Ried fan Offurdigen fan Omrop Fryslân.
Űnderwilens binne al hiel wat TV-útstjoerings fan Omrop Fryslân yn hiel Nederlân te sjen omdat dy útstjoerd wurde troch NEDERLAND 1 en NEDERLAND 3. Alle wiken (útsein in skoft yn ‘e simmer en yn skoalfakânsjes) op snein fan 13.30 - 14.00 oere op NEDERLAND 1 mei in herhelling op moandei om 15.27oere. Dan de skoalletelevyzje op tiisdei en freed om 10.30 oere op NEDERLAND 3, ek tige nijsgjirrich foar folwoeksenen. Binne jimme net thús, lit dan de rekorder it efkes op ‘e bân sette.Om de regionale TV sjen te kinnen, as dy noch net op ‘e kabel stiet, moatte je ticht by de grins fan Fryslân wenje en in eigen antenne op it dak ha (sa as de Bounsskriuwer hat).
Frysk nijs (dws. de bulletins fan 7 en 12 en 17 oere), sport en muzyk kin men de hiele dei troch oer de hiele wrâld nei harkje fia de Ynternet-webside fan Omrop Fryslân (www.omropfryslan.nl). Binne jimme net thús op Ynternet, freegje dan in pake- of beppesizzer om jimme it paad efkes te wizen.
It gebiet om de Iselmar hinne hat foar in grut part Omrop Fryslân-radio op ‘e kabel. Dat is maklik. Wa’t it yn dat gebied noch net hat, kin der wurk fan meitsje mei in antenne op it dak
en mei aksje by Programmaried en kabeleksploitant.

De technyske takomst
Foar in distribúsje fan de Omrop Fryslân-sinjalen oer de hiele wrâld kin men tinke oan it brűken fan satelliten. Technysk kin dat no al. Sjoch de mannichte fan TV-skűtelantennes dęr’t ű.o. Turken en Sinezen yn ús lân mei nei de TV en de radio út it eigen lân sjogge en harkje. It ferget fan de oerheid wol in protte jild.
In oare mooglikheid om Omrop Fryslân sűnder kabel rűnom te hearren en te sjen is it saneamde digitenne-systeem. Mei nije digitale techniken, sa as by de GSM-telefoans, kin men dan in mannichte fan stasjons sawol thús as űnderweis űntfange mei in antenne fan sa’n 15 cm. Mear dęroer stiet te lęzen op ynternet www.digitenne.nl. It bűtenlân is dęr folle fierder mei as Nederlân; it politike en kommersjele toulűken keart de ynfier fan digitale radio/TV op.
Wat te dwaan
It bestjoer fan it Boun wit wat te dwaan:
  • De relaasje mei de Friezen yn de 2e Keamer waarm hâlde.
  • It petear mei de Provinsje geande hâlde.
  • It bestjoer fan Omrop Fryslân fernimme litte wat de Friezen om utens wolle.
  • De Friezen om utens oanfiterje harren winsken noch dúdliker kenber temeitsjen by harren ôffurdige yn dat bestjoer.

Sadwaande jildt foar alle Friezen om utens: Meitsje noch mear wurk fan it harkjen en sjen nei Omrop Fryslân en lit dat Omrop Fryslân fernimme. 

Jou de űntfangstmooglikheden ek troch oan jo famylje, freonen en kunde. Yn it jierliks bestjoerlik oerlis mei de provinsje hat deputearre Mulder ús tasein ien en oar oan 'e oarder te stellen yn it ramt fan de bestjoersoerienkomst tusken it ryk en de provinsje.

Wat kin lokaal dien wurde om Omrop Fryslân op de kabel te krijen en – net minder belangryk – te hâlden.

Dat lęste is de krite Swol mei konfrontearre. Om’t der temin nei Omrop Fryslân harke waard is dy omrop wer fan ‘e kabel helle. Kin soks samar en soe dat net oars moatte?!

 

Op ynternet (www.programmaraden.nl) is te finen hoe't sa’n ‘kabelpakket’ ta stân komt.It pakket wurdt gearstald troch de kabeleksploitant en de programmaried fan it gebiet, dęr’t men wennet.Dan docht bliken dat der twa mooglikheden binne om it 'pakket' te beynfloedzjen:

a. lid wurde fan de programmaried en sa ynfloed op de gearstalling fan it pakket sjen te krijen, of

b. de besteande programmaried en/of de kabeleksploitant besykje te oertsjűgjen fan it ferlet dat der is om Omrop Fryslân űntfange te kinnen.

 

ad a. De programmaried is in űnôfhinklik advysorgaan, dat gearstald is út konsuminten. Konsumint is ien dy’t yn dy regio wennet en in kabelabonnemint hat. De leden fan de programmaried wurde beneamd troch de gemeenterieden fan de gemeenten yn dy regio (=fersoargingsgebiet).

Hoe kin men no lid wurde fan dy programmaried? >>> Sollisitearje!

De 2de perioade fan de programmarieden rint fan 2002 oant 2006 en sollisitaasjes dęrfoar moasten binnen węze foar 15 novimber 2001. Dat kin sadwaande foar dy perioade net mear.  Dęrom lit ik dy mooglikheid no ynearsten efkes lizze en gean no fierder mei de twadde mooglikheid.

ad b. Safolle mooglik, yndividueel en as krite, de kabeleksploitant en de programmaried witte litte, dat wy Omrop Fryslân graach op ‘e kabel hawwe wolle. Troch tillefoantsjes, E-mails, brieven, kontakten mei leden fan de Programmaried en sa mooglik ynsprekke op de jierlikse iepenbiere gearkomsten fan dy Ried. Hat soks dan foar de kommende fjouwer jier noch wol doel? Jawis, want it ‘Zenderpakket’ wurdt alle jierren op ‘e nij besjoen en fęststeld.

En dat giet mei op basis fan it tal reäksjes dat binnenkommen is. Wol men dęrom wat berikke, dan moat men jin hearre en sjen litte.

No de sitewaasje, jo regio sit op ‘e kabel mar wurdt der troch te lege harksifers węr ôfhelle.

Intomart fersoarget it part fan de harksifers. Sels draaie wy (fam. Weijer) al in pear jier mei yn de groep húshâldings (sa’n 1500 oer it hiele lân) dy’t alle dagen byhâldt węr en hoe lang nei in stjoerder harke wurdt. It tafal spilet dęrby fansels in grutte rol. M.o.w. sitte by dy harkersgroep gjin of mar in inkelde Frysktalige dan kin men it wol ferjitte. En dan moat dy inkelde Omrop Fryslân ek noch űntfange kinne. In ekstra beheining sadwaande! Mar goed, jo regio sit dan einlings op ‘e kabel, mar wurdt der krekt as yn Swol wer ôfhelle. Dat hearre jo neidat de beslissing fallen is; der komt in brief mei it nije ‘zenderpakket’ en jo misse jo favorite stjoerder.

Men kin lipe of pipe, mar it earste jier sit men sa wie sa sűnder. En űnderwilens moat men wer ‘hurd’ meitsje dat der ferlet fan jins favorite stjoerder is.

In gong fan saken dy’t neffens my net mear yn dizze tiid past. Of moat men as harker withoefaak trochjaan, dat it noch altiten foldocht en dat men de stjoerder ek wer graach yn it nije ‘Zenderpakket’ hawwe wol?! Dat is neffens my tefolle frege.

Mar wat dan ? No it beslút ta takenning fan de stjoerders – it nije ‘Zenderpakket’ dus - soe earst yn konsept buorkundich makke wurde moatte mei de mooglikheid om beswieren yn te tsjinjen. Earst nei de behanneling fan mooglike beswieren soe dan in definityf beslút nommen wurde kinne.

Yn de A.G. fan 2002 hat It Boun besletten en set him yn foar sa'n proseduere en dęrta yn in moasje útsprutsen, dat  de proseduere ta fęststelling fan it jierlikse "Zenderpakket" foar de kabelregio's net soarchfâldich genôch is, ta in soarte fan eigenwille (willekeur) liedt en om dy reden feroare wurde moat. Dy moasje is stjoerd nei de minister fan OC en W, de leden van de fęste kommisje foar OC en W, de programmarieden, de kabeleksploitanten, het commissariaat voor de media en de parse.

Nij op 'e kabel

As posityf resultaat fan dy moasje kin neamd wurde, dat de programmaried fan de Stichting Programma-adviesraad Oost yn Hoog-Keppel Omrop Fryslân yn har advys oan UPC yn it basispakket Radio 2003-2004 opnommen hat. It giet dęrby om de gemeenten: Angerlo, Didam, Doesburg, Eibergen, Gendringen, Gorssel, Groenlo, Hummelo en Keppel, Lichtenvoorde, Neede, Rijnwaarden, Steenderen, Wehl, Winterwsijk, Wisch en Zevenaar.

As UPC dat oernimt, en węrom soene se dat net, dan is yn in hiel grut part fan Gelderlân Omrop Fryslân op ‘e kabel te űntfangen. (út Nijsbrief nűmer 16)

Frekwinsjewiksel

Desimber 2002 moast Omrop Fryslân fan eterfrekwinsje (net de kabel dus) feroarje en wol nei 92.2 en waard doe fia de męst yn Hoogersmilde útstjoerd (sjoch Nijsbrief nűmer 15). Foar grutte parten fan Fryslân hat dat laat ta in minder goede en somstiden minne űntfangst. Omrop Fryslân is drok dwaande dęr feroaring yn te bringen en sa mooglik wer fia de męst yn Jirnsum út te stjoeren. Oft soks slagget moat ôfwachte wurde.

 Ut: Lyts Ambyld 2003/2004

De Friezen om Utens en Omrop Fryslân.

 

Troch ús sit yn de Ried fan Offurdigen kinne wy yn de marzje meiprate en hieltiten wer omtinken foar de Friezen om Utens freegje. Lykwols sadree’t wy besykje de Omrop wat mear oer de grins te lűken wurdt der sein: “Wetlik en mei it each op de subsydzjepotten moatte wy ús beheine ta it geografyske Fryslân. Wy wolle wol, mar wy kinne op dit stuit noch net.” Meitinke, witte litte dat wy der binne, besykje op dy wize  wat beynfloedzjen, it tafal faaks wat te helpen. M.o.w. foar safier’t wy as groep de Omrop űntfange kinne, meie wy meigenietsje en somtiden  kinne wy wat meisnobje.

 

De Ried fan Offurdigen

De Ried hat, bűten de foarsitter, 15 leden, dy’t krektsafolle maatskiplike rűnten fertsjintwurdigje, en komt sa’n fjouwer kear yn it jier by elkoar.

Oan ‘e oarder komme sa troch it jier hinne

  • de sinteraasje

  • it programmabelied oangeande radio en tv (ek de lanlike útstjoerings)

  • de webside fan Omrop Fryslân, benammen ek foar de Friezen om utens wichtich om’t dy fan oeral út it lân en de wrâld tagonklik is

  • de hark – en sjochsifers

  • út en troch it Frysk fansels

  • yn it plak fan ien reguliere gearkomste in breinstoarmsesje fan de Ried mei de haadredaksje en mooglike oare redakteuren oer aktuele saken

 

Stân fan saken oangeande de radio

Yn frijwat parten fan Nederlân wurdt Omrop Fryslân radio oer de kabel útstjoerd. Op dit stuit bart soks – foar safier ik wit - yn/op

  • hiel Drinte en grutste part fan Grinslân

  • parten fan Flevolân (Dronten, Lelystęd en Zeewolde)

  • parten fan Gelderlân (Epe, Heerde, Apeldoarn, Nijkerk, Oldebroek, Barneveld, Nunspeet, Putten, Rheden, Rozendaal, Wageningen, Ede, Elburg, Ermelo en Hurderwijk)

  • parten fan Oerisel (gemeenten Hardenberg, Ommen en Steenwijkerland)

  • parten fan Noard-Hollân (Hoofddorp, Alkmaar en Hoarn en omkriten)

En fansels oeral fia ynternet: www.omropfryslan.nl !!!

 

Wenje jo yn it Essent fersoargingsgebiet dan kinne jo dat neisjen op www.essent.nl  űnder ‘tv en radio’. Soartgelikens jildt foar UPC: www.upc.nl űnder ‘Wijziging zenderoverzicht’. Foar de oare kabelgebieten kinne jo it bęste begjinne by www.kabelraden.nl en trochklikke nei jo kabelried en gemeente. Fia dy webside kinne jo eins alles te witten komme, ek wannear’t wer ynsprutsen wurde kin by de programmaried.

Dat is meastal yn de moanne april; hâld dat yn ‘e gaten en węs derby, al is it mar om te sizzen hoe bliid jo binne dat jo favorite stjoerder op ‘e kabel sit en dat jo en jo meistanners graach wolle dat dy derop bliuwt.

 

Stân fan saken oangeande de tv

Dat bliuwt beheind ta de provinsje Fryslân. Wenje jo dęr net safier wei, dan kinne jo it mei in gewoane antenne besykje. Jimme skriuwer hat dęr yn Bovensmilde in protte wille fan.

Nij is yn parten fan it Noarden de digitale tv en dan haw ik it oer TV Home. Dan binne jo nedich in digitale űntfanger en in TVhome startpakket.

By it basispakket űntfange jo dan, sűnder ekstra abonnemintskosten:

  • 45 digitale tv-stjoerders, dęrűnder sân regionale stjoerders (Omrop Fryslân ek)

Sjoch foar fierdere ynformaasje op www.tvhome.nl .

 

Frekwinsjewiksel

Der wurdt no wer fan Jirnsum wei útstjoerd, dat de grutte problemen fan de frekwinsjewiksel nei 92.2 binne no praktysk oplost

 

 

Hiemside

  Nei boppen
 

 ©  Kopiearrjocht -- Frysk Boun om Utens  ® -- 2005