| FERSLACH
GEARKOMSTE DIEL WEST 23 OKTOBER 2006 YN RIJSWIJK
Oanwêzich:
Korrie Grijpma-Tinga en Cor Smits fan krite Leiden
Hâns Dijk en Sjoerdtsje Bijkerk-Anema fan krite Boadegraven
Jouke van der Weide, Douwe Fierstra en Afke Bergstra (not.) fan
krite De Haach
Ofwêzich (m.k.): ôffurdigen fan krite Flaardingen
1.
Iepening
Jouke van der Weide sit de gearkomste foar. Hy hjit alleman wolkom
en spesjaal de nij ynkommen kriteskriuwster fan Leiden, Korrie
Grijpma-Tinga. Dan lokwinsket hy út namme fan de gearsit
de riddere Hâns Dijk fan Boadegraven, dy’t op syn beurt
mei in traktaasje komt. Fan Flaardingen is ôfberjocht kommen
fanwege fakânsje en oare drokten. De wurklist wurdt fêststeld
sa't dy der leit.
2.
Ferslach 3-4-2006
Punt 5. Oare saken, nijs út de kriten: út Doardt
binne noch 5 adressen opjûn fan âld-leden dy’t útnoege
wurde kinne foar kritejûnen earne oars. Dêr sitte
4 e-mailadressen by; wy ha fansels ek de adressen fan de eardere
bestjoersleden noch. It ferslach wurdt mei tank oan de notulist
fêststeld.
3.
Besprek toanieljûn Leiden
Krite Leiden is no wer oan bar om in toanieljûn te fersoargjen
en kaam de foarige kear al mei it foarstel om net in dielstoanieljûn
te hâlden, mar in eigen kritejûn mei de útnoeging
oan de oare kriten om mei sa folle mooglik minsken te kommen.
Dat wurdt dus freed 16 febrewaris 2007, yn de Scheppingskerk,
Van Poelgeestlaan 2, Leiderdorp. It sjongkoar fan Boadegraven
komt diskear net, dat repetearret allinnich noch foar de tsjerketsjinst.
It toanielstik is no bekend: “De Goate” fan it toanielselskip
út Oerterp. It begjint om 20.00 oere en de tagongsprizen
binne € 7,50 foar kriteleden en € 10,- foar net-leden. De ynhâld
wurdt de kriten noch ta e-maild. Dit stik is in pear jier lyn
ek alris yn De Haach spile troch it selskip fan krite Amersfoart.
Ut De Haach wei kin dus net folle folk ferwachte wurde.
4. Oare saken
Nijs út de kriten.
Boadegraven. Nei ôfrin fan
it op 21 oktober 2006 troch de eigen toanielploech spile stik
“De spesjaliteit fan it Hûs”, yn it Evertshûs yn Boadegraven,
waard meispiler en foarsitter fan de krite Hâns Dijk ta
“Ridder in de Orde van Oranje Nassau” slein en dat net allinnich
foar syn fertsjinsten yn de krite, mar ek foar dy yn de gemeente
Boadegraven en de Herfoarme Tsjerke.
Sneon 13 jannewaris 2007 komt it Selskip Wiltsje fan Peazens mei
muzyk en kabaret yn Rijngaarde, Rijngaarde 1, Bodegraven.
Flaardingen. Dêr hat Gerrie
Dijkstra-van der Meer in opfolger krigen yn de persoan fan de
hear R. Broersma út Spijkenisse. Mei him hoopje wy de oare
kear yn ‘e kunde te kommen.
Leiden. Der binne fan de krite yn
ien moanne wol 3 leden ferstoarn.
Freed 17 novimber komme Rennie Visser en Ale Buma mei harren programma
“De Finale”.
Sneon 25 novimber stiet de Fryske Boekebus wer yn Leiden.
Freed 19 jannewaris 2007 komt Dr. Jacques Kuiper te sprekken oer
“Fryslân yn de Frânske tiid”, yn de Van Poelgeestlaan
2, Leiderdorp. En
dan freed 16 febrewaris de jûn mei “De Goate”.
Freed 16 maart hâldt Dr. Jaap Osinga in ferhaal oer “Histoaryske
en oare nuvere aardichheden”.
De Haach hat ek op freed 19 jannewaris
in kritejûn en wol mei Marja Boonstra fan de Ljouwerter
Krante. Sy praat oer har boek “NieuweFriezen.nl”. Dy jûn
is om 20.00 oere by kriteskriuwster Janny Karreman oan hûs,
Jan van Nassaustrasat 13, De Haach, mar elkenien, ek fan de dielskriten,
is likegoed wolkom.
Snein 25 febrewaris is de jierlikse tsjerketsjinst, dy’t diskear
hâlden wurdt yn de Doopsgezinde Tsjerke yn de Paleisstraat
8 yn De Haach. En op moarn, om 10.30 oere.
Op sneon 31 maart komt it Fjouwerspan út De Lemmer “Tetman
en Jarich”te sjongen: 4 manlju en 4 froulju. Dat is wer yn Voorburg
yn de Rembrandtlaan 92.
Jouke van der Weide dielt fierders mei dat - nei it ôfwizen
fan it fersyk oan Tresoar om adressen fan Friezen dy’t Simmer
2000 besocht hawwe (as te ‘privacy’ gefoelich) – De Haach it oer
in oare boech smite sil. Sy wolle Tresoar no frankearde sluven
tastjoere mei in brief fan de krite dêryn en freegje oft
Tresoar dêr de nammen en adressen opsette wol en se dan
ferstjoere, dan krijt De Haach oars gjin adressen te sjen as fan
dyjinge dy’t harsels as lid opjouwe.
Nijs
út It Frysk Boun
It Kaderwykein 13 en 14 oktober 2006 is tige slagge.
De 4 ûnderwerpen:
- de digitalisearring fan it argyf fan de Ljouwerter Krante
- de takomst fan it Frysk Boun en hoe wer nij elan oan de kriten
te jaan,
- de takomst fan ús toanielploegen, en
- it fêstlizzen yn in boekwurk fan de skiednis fan it Boun
en de kriten
binne goed trochsprutsen en oan de trije lêste sil no yn
de kriten wurke wurde.
Sneon 25 novimber komme se ek wer oan ‘e oarder op de Algemiene
Gearkomste fan It Frysk Boun yn Lelystêd lyk as de Friezedei
2008 dêr’t ek noch oer trochpraat wurde moat.
5.
Takomme gearkomste
Tiisdei 3 april 2007 om 20.00 oere by Cor Smits, Oltmansdreef
17, Leiderdorp,
071-589 23 17.
6.
Omfreegjen.
Tip
fan Sjoerdtsje: bring it tredde kritebledsje sels even by in potinsjeel
lid en freegje dan mei-iens at se lid wurde wolle. Korrie jout
noch in namme troch fan ien yn Wassenaar dy’t fêst wol lid
wurde wol fan de Haachske krite.
7.
Sluten
Neidat alles oan ‘e oarder west hat, slút Jouke van der
Weide om 21.00 oere de gearkomste mei tank oan de oanwêzigen
en dy betankje it echtpear Van der Weide foar de gastfrijens.
De
nammen fan de Doardtse âld-leden binne:
-
H.C.A.
de Boo, Pijl 46, 3328 KP Dordrecht - henkdeboo@wanadoo.nl
-
R.
Bouma, J. Marisstraat 18, 3262 HJ Oud Beijerland
-
P.
Bruining, W. Schippersweg 23, 3334 GN Zwijndrecht
-
Mevr.
R. van Gulik-de Vries, Suze Groenewegerf 261, 3315 XG Dordrecht
-
Harkema,
harkst@wanadoo.nl
-
Mefr.
Van Huizen-Kuiphof, Joh. De Wittstraat 170, 3311 KJ Dordrecht
- p-van-huizen@kpnplanet.nl
-
S.
Oevering, Van der Doeslaan 27, 3299 BP Maasdam
-
Oma/Beppe,
omabeppe@zonnet.nl
|