FIER fan HÛS - banner

84-ste ALGEMIENE GEARKOMSTE fan IT FRYSK BOUN om UTENS

Evertshûs yn Boadegraven
klik hjir foar de rûtebeskriuwing nei "Het Everthuis"

yn " 't Centrum ", rjocht tsjinoer

it Evertshûs yn Boadegraven op

24 novimber 2007

 

 

werom nei de algemiene side

 

Oantekens en wurklist te besjen yn "It Lyts Ambyld"

 

Tusken de middei binne yn de seal broadsjes en thé en kofje te keap

 

Tusken de AG en it jûnprogram is der in breamiel. - foto's

De kosten foar it breamiel binne € 15,50 de persoan.
De tagong foar it jûnsprogram is foar leden fan in krite € 10,00,

net-leden betelje € 12,50 de persoan.

Opjaan kin troch it te beteljen bedrach oer te meitsjen op banknûmer 30 88 79 651 fan de Penningmeester Fryske Krite “Fier fan Hûs” te Bodegraven mei fermelding fan namme, bôlletafel en/of jûn.
It berjocht fan oerskriuwing moat mei it each op it besprekken fan ien en oar foar 10 novimber by de ponghâlder binnen wêze.
De Krite “Fier fan Hûs”rekkent de hiele dei op jim!!

download hjir de FLYER fan dizze jûn

It jûnprogram fan de 84e AG sjocht der sa as hjir ûnder oanjûn út:

 

Op 24 novimber 2007 spilet toanielferiening ‘Us nocht jim wille’ út Amerfoart yn it Evertshûs yn Boadegraven:

SIMMERDEPRESJE - foto's

In kluchtich blijspul yn trije bedriuwen fan Froukje Annema.

In impressy fan it blijspul


De titel "Simmerdepresje" slacht net allinne op it minne waar, mar ek op de minsklike ferhâldingen dy 't yn it stik foarkomme. Willem en Hanny, eigeners fan it hotel "Au bord du lac" sitte mei it reinige waar sûnder gasten. Sy sjogge de takomst tsjuster yn en binne net botte fleurich en aardich tsjin elkoar. Hanny har mem, Wytske, wol skiede en strykt mei trije freondinnen del yn 't hotel om dêr in wike fakânsje te hâlden. Jansma, in oare gast, hat in benzinestasjon bestellen om 't er ek ris foar fol oansjoen wurde wol. Elk fan dizze minsken sit min of te mear yn in depresje. De help fan Willem en Hanny, Richtsje, soarget mei de trije freondinnen fan Wytske foar de nedige ferdivedaasje. Oan 'e ein fan it stik is de loft aardich opskjinne, mar it reint, reint, reint.

Spilers:

Jan Boersma

Marianne Hoppinga
Wietske Boersma Margith van Houten
Geeske Inia Ruurd Steenwijk
Hieke Hoppinga Baukje de Vries
   
Grime Sabine de Wit
Ljocht Joop Norden
Decor Jan Stuiver, Rintje van der Zee
Regie Annie Tiekstra

!!! De seal moat wer fol !!!

Oanfang: 20.00 oere, de seal is iepen fanôf 19.00 oere

 

Kaarten wiene fanôf 1 septimber 2007 te bestellen by Jan en Sjoerdtsje Bijkerk 0172 - 434734

>>>>> ek binne de kaarten oan de seal te keap! <<<<<<

as mei de e-mail: ag@janbijkerk.nl .

It te beteljen bedrach moat foar 17 novimber oermakke wurde op banknûmer 30 88 79 651 fan de Penningmeester Fryske Krite “Fier fan Hûs” te Bodegraven mei fermelding fan namme, bôlletafel en/of jûn.

De Krite “Fier fan Hûs” rekkenet de hiele dei op jim!!

 


werom nei de algemiene side