Hiemside Kriten Bestjoer Boun Berjochten Boun Doelstellings Boun Kaderdagen Omrop Fryslân Eveneminten yn Fryslân Links Gasteboek
Nijsbrief Ambyld AG Skiednis projekt Ynfomap Dielgearkomsten Spyllist STAF - IFAT Mingd NIJS Toaniel    

 

 Krite Lelystêd 

winterskoft 2009-2010 / meidielingeblêden

 

Oprjochting fan “de Sékrite”, fryske krite fan Lelystêd en omjouwing op 26 novimber 1971.

 

It idee om in Fryske Krite yn’e nije polder op te rjochtsjen, ûntstie yn oktober 1971. De earste ynwenners fan Lelystêd wiene hiel tafallich Friezen, de fam. Sytsma.Doe’t efkes letter de fam. Schiere yn Lelystêd kaam te wenjen (dy’t al lid wiene fan de fryske krite yn Kampen), waarden hja it al gauwêftich iens, dat der yn Lelystêd ek in krite komme moast. Mei noch in pear oare friezen binne hja doe begûn om by de doarren lâns te gean, om mear minsken dêr waarm foar te krijen. Inkele fan dizze minsken wurken op it gemeentehûs  en wiene sadwaande yn’e gelegenheid, om de listen mei nije ynwenners troch te sjen. As dêr dan in namme by wie, wêr’t hja út opmeitsje koene dat it in Fries wie, dan gyngen hja dêr op ôf. Jûnen en jûnen binne hja sa op paad wêst.Om’t Lelystêd in nije stêd wie, kaam it gau’ris foar, dat hja mei trije minsken foar de selde doar stiene. Ien foar de fryske krite, ien foar de bank (meastal mei in blomke, dy hiene it measte jild) en ien fan de begraffenisferiening. Alles moast hjir doe noch fan’e grûn komme.Ek de agint fan de Ljouwerter krante en it Frysk deiblêd en de man de SRV wein hawwe hiel wat nije leden oanbrocht. Op 26 novimber wie dan de oprjochtingsfergadering yn “de Meerkoet”, it earste restaurant yn Lelystêd. Der wiene doe 34 minsken en de 1ste foarsitter waard Hindrik Schiere ( no noch altyd op ús kritejûnen as earelid). It duorre mar efkes, doe wiene der al 112 leden, werfan 12 wol toanielspylje woene en 22 woene wol meidwaan oan in skotsploech. De earste toanieljûn wie op freed 28 jannewaris 1972 yn’e Meerkoet. De toanielploech út Aldeboarn wie dêr mei it stik “De bekroande earsteling”. De krite hie doe 190 leden, werfan 140 op dy jûn oanwêzich wienen. De muzyk waard fersoarge troch in soan fan Sytsma, mei in bânrykorder. Ek doe wie der al in ferlotting ( 5 lotten foar Hfl. 1,= ). Yn die tiid wie der ek faak in ferslachjouwer fan de krante, mei in fotograaf. Op 23 febrewaris 1973 spile ús eigen toanielploech foar it earst, it stik “Taaie Teie”. Op 12 maart 1974 koe it 300ste lid ynskreaun wurde. De leden kamen eartiids net allinne út de Flevopolder, mar ek út Urk en Elburg. It greatste oantal leden fan ús krite hat 370 west ( 29 novimber 1975). Wat in ferskil by no, noch mar 160 leden. Op kritejûnen waarden dan de tafels út de seal wei helle, oars koene de minsken der net yn. It sjonkoar waard oprjochte op 8 febrewaris 1976 en de skotsploech op 25 febrewaris. Spitichgenôch is de skotsploech al wer opdûkt en ek ús toanielploech kampt mei in tekoart oan spylders. Yn 1976 waard troch eigen leden in kabaret opfierd en yn letter jierren  noch 3 kear.Wy hoopje dat wy dit oantal leden fan no hânhâlde kinne en dat it sjongkoar en de toanielploech bestean bliuwe kinne.

 


 

Winterskoft 2009-2010

 

foto's fan de nijjiersbesite 2010

foto's fan de jûn mei de toanielploech út Boadegraven


Winterskoft 2010-2011

Bêste Diels-freonen

De data fan ús jûnen stean hjir ûnder:

11 oktober Jiergearkomste (mei bingo)
27 novimber Toaniel mei Friesland Theater út Dokkum
8 jannewaris Nijjiersbesite
12 febrewaris Toaniel
19 maart Kabaret mei Noorderbos & Co.

It fersoargje fan in jûn troch ús sjongkoar is mooglik.


 

MEIDIELINGEBLÊDEN:

Albert 


 

  • Wy binne yn “Buurthuis De Roef”, Schouw 16-41 yn Lelystêd

  • Ek bringe wy 5x yn’t jier in krantsje út, mei wederwarichheden fan ús Krite en oare Kriten.

  • It ledejild is € 12,= yn’t jier.
  • De tagong is dan altyd fergees. Net-leden betelje € 7,= de man/frou . 
  • Ek kinne jo stiper wurde foar €8,= yn it jier, de tagong is dan € 4,= de jûn.

Albert  Postma, Karveel 20-03, 8231 BC Lelystad. Til. 0320-241491

 

E-Mail: Hapos@hetnet.nl

 

 

Hiemside

Werom Nei boppen
 

 ©  Kopiearrjocht -- Frysk Boun om Utens  ® -- 2005