`````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````` FBoU - Krite Seist ``````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````````

Hiemside Kriten Bestjoer Boun Berjochten Boun Doelstellings Boun Kaderdagen Omrop Fryslân Eveneminten yn Fryslân Links Gasteboek
Nijsbrief Ambyld AG Skiednis projekt Ynfomap Dielgearkomsten Spyllist STAF - IFAT Mingd NIJS Toaniel    

 

 Krite Seist 

 

selskip "mei-inoar"

SELSKIP “MEI INOAR” FOAR SEIST EN OMKRITEN

 

Fryske Krite “Mei-Inoar’” te Seist is oprjochte op 20 desimber 1928.

Wat is de doelstelling fan ús krite foar Seist en omkriten?

  • It fersterkjen fan de bân foar dyjingen dy’t op de ien of oare wize konneksjes hawwe mei Fryslân of mei it Frysk, bgl. trochdat se der berne binne, Fryske famylje ha, de simmers graach yn Fryslân trochbringe of gewoanwei ynteresse hawwe yn de Fryske taal en har kultuer.

Fan septimber oant en mei april organisearret “Mei Inoar” toaniel- of kabaretfoarstellingen, of oare kulturele jûnen, mei bgl. muzyk of lêzingen. Op dizze jûnen binne fansels ek altyd Fryske boeken (nij en healsliten), lûddragers en oranjekoeken te keap.

Der is gearwurking mei Fryske Krite “Fryslân” yn Utert op it mêd fan:

  • it útjaan fan it ynformaasjeblêd “De Kritekoer”, mei nijs fan de twa kriten en nijs út Fryslân;
  • de toanielgroep. Alle jierren wurdt besocht in nij toanielstik of ienakter foar it fuotljocht te bringen en dit ek oan te bieden oan de oare Fryske ferienings yn Nederlân;
  • it organisearjen fan Fryske taalkursussen, sawol foar Friezen as foar net-Friezen.

De basiskontribúsje is € 15,= de man. Dêrfoar krijt men 6 kear ‘t jier it ynformaasjeblêd.
Foar de aktiviteiten dy’t oanbean wurde, wurdt ynlis frege.


Foarriedige list foar it winterskoft 2011-2012:

Freed 23 september 2011: Algemiene Ledegearkomste + Frysk Byld Bingo
Sneon 29 oktober 2011: Tjonger Skotsploech
Freed 25 novimber 2011:

Muzikale jûn mei THC Oostergoo. Ynstrumintaal en fokaal.

Sneon 7 jannewaris 2011:  Nijjiersbesite; mei elkoar iten en nei ôfrin in film
17 of 18 febrewaris 2012:  noch yn te foljen
Sneon 24 maart 2012: Mienskiplike jûn mei Utert; programma noch net bekend

   
     
            


Lêsklup


Wa’t nocht oan lêzen hat en mei elkoar de tinzen der oer gean te litten, is fan herte wolkom op de lêsklup.
Fjouwer kear yn ‘t jier komme de dielnimmers by elkoar. It is gesellich en ynspirearjend en noeget út om ek ris oare Fryske boeken te lêzen. Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de boekeferkeapster Nora Koren yn Bilthoven, dêr’t ek de gearkomsten binne, till. 030 -2293865.


Foar neiere ynformaasje oer ús aktiviteiten:


Boukje Andringa-Brattinga, Steenen Camer 76, 3721 ND  Bilthoven, tel. 030-2203528;
Ida Knobbe-Kramer, Prins Bernhardstraat 29, 3981 BN  Bunnik, tel. 030 – 6562555


DE KRITEKOER

krite boekje jannewaris 2011

kriteboekje maart 2011

kriteboekje oktober 2011

kriteboekje desimber 2011


 

 

 

Hiemside

Werom Nei boppen
 

 ©  Kopiearrjocht -- Frysk Boun om Utens  ® -- 2005