Hiemside Kriten Bestjoer Boun Berjochten Boun Doelstellings Boun Kaderdagen Omrop Fryslân Eveneminten yn Fryslân Links Gasteboek
Nijsbrief Ambyld AG Skiednis projekt Ynfomap Dielgearkomsten Spyllist STAF - IFAT Mingd NIJS Toaniel    

 

 Selskip FRYSLAN te Utert 

 


[bywurke dd. 5 novimber 2011]

1. Algemien


It Frysk selskip “Fryslân” is in krite fan it Frysk Boun om Utens. It bestiet al sûnt jannewaris 1901 en hat sa’n 100 leden yn Utert en omkriten.
It is in feriening fan minsken dy’t op ien of oare manier in bân mei Fryslân en/of it Frysk hawwe. Dat kin wêze  omdat se der wei komme, Fryske famylje ha, der simmers tahâlde of gewoan ynteresse ha foar de Fryske taal en kultuer.
Yn it winterhealjier (oktober-maart) organisearje wy jûnen  (mei toaniel, foardrachten, muzyk, fertelle ensfh.) foar de leden en oare belangstellenden foar it Frysk. 
Op de kritejûnen is der in boeketafel, dêr’t Fryske boeken en lûddragers te keap binne.
Wy hâlde ús toanieljûnen yn “De Schalm”, Oranjelaan 10, yn de De Meern.
De oare aktiviteiten wurde holden yn it “Woon- en zorgcentrum Tolsteeg”, Saffierlaan 10, Utrecht.

Der wurdt omtinken jûn oan de leden boppe de 75 jier.

In part fan de aktiviteiten is yn gearwurking mei it Frysk selskip fan Seist, lykas:

  • It útjaan fan it kritebledsje “De Kritekoer” mei ynformaasje en nijs fan de twa kriten;
  • It toanielspyljen troch leden fan de beide selskippen. De ploech fersoarget meastal ien jûn foar ús.
  • It organisearjen fan ien mienskiplike jûn yn maart/april: de ien kear yn (of de omkriten fan ) Utrecht en de oare kear yn (of de omkriten) fan Seist.

It selskip hat in lege kontribúsje fan € 12,00 per persoan. De tagongspriis op in kritejûn is foar leden € 7,50 en foar net-leden € 10,-- De leden krije de Kritekoer 6 kear yn it jier tastjoerd. Men kin stiper wurde fan de krite foar € 7,50 - yn it jier. Ek de stipers ûntfange de Kritekoer.
As men lid fan de krite is, hat men ek tagong – foar ledepriis - ta jûnen fan omlizzende kriten. Dat is benammen fan belang as der in bysûnder evenemint is lykas in musical of kabaret (Rients Gratama, Lytse Teake ensfh). Faken wurde sokke bysûndere jûnen ek troch in stikmannich kriten mei-elkoar organisearre.

Fierdere ynformaasje oer de krite is te krijen by de skriuwer (e-mail j.p.bergmans@casema.nl)

 

2. AKTIVITEITEN fan de krite Utert ( 2011 - 2012)

** mienskiplike jûn mei de Fryske krite yn Seist

Datum

Aktiviteit

Lokaasje

 7 okt. 2011

Joke Keizer mei har reisferhalen .    

Tolsteeg, Utrecht  

11 nov.2011

Muzykjûn mei “Oanbreide Hoazzen” út Oerterp.    

Tolsteeg, Utrecht  

6 jan. 2012

Nijjiersbesite   

Tolsteeg, Utrecht

25 febr.2012

Toanieljûn – It Hantumer ploechje spilet “Treast mei sûker en molke”.

De Schalm, De Meern

24 mrt. 2012 **

Mienskiplike jûn fan de kriten Utert en Seist - It Huzumer Toaniel spilet  “Grappich wikseljild”.  

Muziekschool, De Bilt (Henrica van Erpweg 2)

 

DE KRITEKOER

kriteboekje febrewaris 2012

 

 

 

Hiemside

Werom Nei boppen
 

 ©  Kopiearrjocht -- Frysk Boun om Utens  ® -- 2005