Hiemside Kriten Bestjoer Boun Berjochten Boun Doelstellings Boun Kaderdagen Omrop Fryslân Eveneminten yn Fryslân Links Gasteboek
Nijsbrief Ambyld AG Skiednis projekt Ynfomap Dielgearkomsten Spyllist STAF - IFAT Mingd NIJS Toaniel    

 

Fryske Krite “FOAR IT EIGENE”,


ek wol KRITE WAGENINGEN neamd 

logo krite Wageningen

 

 

De Krite yn it koart

oprjochte yn 1938, lid fan it Frysk Boun om Utens en ynskreaun by de Keamer fan Keaphannel yn Arnhim

hat har wurkgebiet yn Wageningen, Bennekom, Ede en yn de fierdere omkriten;

hat sa’n 155 leden;

de leden kinne allegearre Frysk ferstean;

de leden besteane ut Klaaikers, Wâldsjers, Bilkers, Stellingwervers én út oare minsken dy’t ek belangstelling ha foar de Fryske kultuer;

de feriening bringt in programma mei muzyk, toaniel, kabaret, tsjerketsjinst, ynliedingen, ekskurzjes en wat fierder gaadlik is foar divedaasje en earnst;

it programma begjint yn oktober en einigt yn maaie. Yn totaal likernôch 6 kear yn it jier;

de Krite hat in sjongkoar “de Hofkesjongers”

leden krije har ynformaasje troch konvokaasjes fan it bestjoer;

de measte gearkomsten hâlde wy yn “de Brink” yn Bennekom.

 

PROGRAM 2011 -2012

 

sneon 1 oktober 2011 20.00 oere

"Het zonnestelsel na Eise Eysinga, ynlieding fan Adrie van Warmenhoven,

sneon 26 novimber 2011 20.00 oere

Noordenbos & Ko mei it program "Kleur bekenne”

sneon 14 jannewaris 2012 18.00 oere

Nijjiersbesite mei breamiel en dernei trûbadoer Gerard Rinsma en ús koar de Hofkesjongers

snein 12 febrewaris 2012 16.00 oere

Tsjerketsjinst mei foargonger dûmny Fokkema út Twello

sneon 24 maart 2012  20.00 oere

"Tinzen fan Anne Zernike" troch mefr Korneel Roosma-de Vries

sneon yn april 2012

Ekskurzje

De earste trije jûnen binne yn "de Brink" yn Bennekom.
De tsjerketsjinst yn febrewaris is yn de Vredehorsttsjerke yn Wageningen, Tarthorst 1
De "Tinzen fan Anne Zernike" is organisearre yn gearwurking mei de Meniste Gemeente yn Wageningen, Delhorstpad 6
De datum en it plak fan de ekskursje is noch net bekind.

 

Bestjoersleden

Bestjoer Fryske krite Wageningen    

Foto bestjoersleden

Lykele Aardema  foarsitter tel. 0317 42 42 18  l.aardema@planet.nl
Tine Tigchelaar skriuwer Reimersbeek 16, 6715 MC Ede, tel 0318 63 95 59 tinetigchelaar@chello.nl
Henk Dijkstra ponghâlder tel 0318 63 36 91    h.dijkstra18@chello.nl
Anneke Jaarsma twadde skriuwer tel 0317 41 22 34 frankena39@zonnet.nl
Neeltsje Nakken boekeferkeap tel 0318 41 56 04 nbram@hetnet.nl

De Hofkesjongers

Sjongkoarliedster

Aukje Bangma, 0318- 41 31 35

Diriginte  Janny Stork
Pianist    Dolf du Mosch
Accordeoniste  Griet Rudolphij

 

Utnoeging om nije leden te krijen by de Hofkesjongers. It  kin minsken wêze fan de Krite Apeldoarn of de eardere Krite Arnhim die der sinne oan ha.

NIJE LEDEN BINNE ALTITEN WOLKOM BY US KRITE EN  DE HOFKESJONGERS !

 

 

 

 

Hiemside

Werom Nei boppen
 

 ©  Kopiearrjocht -- Frysk Boun om Utens  ® -- 2005