| |
Foar Twente en omkriten is de Fryske krite: FREONEN FRYSKE KULTUER. Minsken út Enschede, Hengelo, Almelo, Oldenzaal, Haaksbergen, Delden, Borne en noch folle mear lytse en grutte doarpen komme minstens sa’n trije kear yn’t jier by inoar om ris har âlde memmetaal, Frysk, te praten en te hearren yn toaniel en kabaret. It docht bliken: de taal skept in bân, it is altyd gesellich. Foar mar 15 euro (pearen 25 euro) yn it jier krije jo dit allegearre: Twa kear yn’t jier in Fryske toaniel-of kabaretjûn; (op dy jûnen kinne jo ek fryske boeken keapje ) In nijjiersgearkomste mei oranjekoeke en in sprekker Jûnen wer’t je Frysk damje kinne Gelegenheid om mei te dwaan oan in reiske en ús koar De Twirresjongers En dit stiet allegearre oankundige yn ús fearnsjierblêd De Twirre. Deryn fine jo ek nijtsjes út Fryslân en oare fleurige snypsnaren. Ha jo belangstelling foar ús krite of wolle jo wol ris in proefnûmer fan’e Twirre ha, dan kinne jo telâne by de bestjoersleden: Foarsitter: Hendrik Tel, till, 00495924-785255, hendrik.tel@t-online.de Skriuwer: Eeke de Boer, till. 0546-850970, kpdeboer@planet.nl Ponghâlder: Paul Hoogendoorn, till.074-2777121, pj.hoogendoorn@planet.nl.
Programma foar de earstkommende tiid 2011-2012:
28 jannewaris 2012, 19.30 oere : jiergearkomste mei taalferdivedaasje17 maart 2012, 20.00 oere: Rederikerskeamer Halbersma út Stiens spilet de kommeedzje "De ynbylde sike" yn seal Vrieler te Enschede
| |
|
© Kopiearrjocht -- Frysk Boun om Utens ® -- 2005 |