Hiemside Kriten Bestjoer Boun Berjochten Boun Doelstellings Boun Kaderdagen Omrop Fryslân Eveneminten yn Fryslân Links Gasteboek
Nijsbrief Ambyld AG Skiednis projekt Ynfomap Dielgearkomsten Spyllist STAF ---- IFAT Mingd Nijs Toaniel weblog

MINGD  NIJS

Ynhâld: (wolle jo mear witte, klik dan op it ûnderwerp)


   

Harkboeken yn it Frysk online
Útjouwerij Audiofrysk stelt har ta doel om de Fryske literatuer as harkboek beskikber te stellen. Skriuwers lêze sels har boek yn, of der wurde betûfte sprekstimmen ynskeakele.
De harkboeken wurde ferkocht op audio-cd, mar binne ek as mp3-download te krijen by luisterrijk.nl. Sa is it Fryske boek ynienen oer de hiele wrâld tagonklik foar de belangstellende harker.
It fûns wreidet him stadichoan út, op dit stuit binne sa'n 25 titels beskikber, fan Rink van der Velde syn Feroaring fan lucht oant Spikergek fan Anny de Jong. Lêste titels binne de prachtige autobiografyske roman It Ferset fan Harmen Wind (10 cd's foar 24 euro) en de histoaryske novelle Kuneara fan Akky van der Veer (2 cd's, 12 euro). Mear ynformaasje: www.audiofrysk.nl

   

FRYSK FOTOARCHYF

Op 15 januari 2009 is het precies honderd jaar geleden dat de Vereniging ‘De Friesche Elf Steden’ werd opgericht. Doel van de vereniging was en is het bevorderen van de ijssport in de provincie Fryslân in het algemeen en in het bijzonder dat “Telken jare moet zoo mogelijk de Elf-Steden-tocht met wedstrijd worden georganiseerd.”

In het kader van het honderdjarig jubileum vinden er in de provincie diverse activiteiten plaats. Een deel van het fotomateriaal uit het archief is vanaf 17 januari te bekijken in het Fries Museum, waar een tentoonstelling wordt georganiseerd over de Elfstedentocht in Oorlogstijd 1940/1942. De beeldbank is te raadplegen door in het menu naar de optie Foto’s en vervolgens Fries Fotoarchief te gaan, of rechtstreeks via www.friesfotoarchief.nl.

De foto's worden morgenochtend (donderdag 15 januari) rond 9 uur online gezet.

Op de perspagina's van Tresoar zijn de volgende bijlagen bij dit bericht te downloaden:

- Doorkomst van Elfstedenrijders in Hindeloopen (2638x1961px).
- 30 januari 1940: mr. M.E. Hepkema en M. Kingma, bestuursleden van de Friesche Elfstendentocht, worden geïnterviewd door L.G. Wybrands Marcussen voor de AVRO-radio.
- Reinier Paping, winnaar van de Elfstedentocht 1963.
- Doorkomst door Staveren.
- Toerrijders passeren een brug.

Meer informatie vindt u op de website van Tresoar (http://www.tresoar.nl) en op de perspagina's van Tresoar (http://www2.tresoar.nl/pers).
   

Achte lêzers

Graach wol ik jimme fersykje om op jimme hiemside en oare wizen oandacht te besteegjen oan. ús toanielfoarstellings yn jannewaris.
It is in geskikte klucht foar jimme kriten
Hja wolle graach fuort te spyljen - POSTER - EXTRA MATINEE - FLYER DAT HA JA GOED SKETTEN
Alfêst betanke

Ut namme fan toanielselskip Spilersnocht , Jelle Terwal, 06-20687865


neinei boppen

PARSEBERJOCHT

Datum   : 19 desimber 2008
Underwerp       : Earste Krystdei ‘Fersykplateprogramma Eksta'    oprop fersykjes Friezen om utens

Op Earste Krystdei, tongersdei 25 desimber, in ekstra ôflevering fan it Fersykplateprogramma op Omrop Fryslân Radio.
Friezen om utens, yn watfoar ‘bûtenlân’ dan ek – it mei ek Grinslân of Limburch wêze – krije de gelegenheid om de famylje yn Fryslân in muzikale groet te bringen foar de feestdagen.
Oarsom mei ek, dat Friezen hjir harren famylje om utens muzikaal goede feestdagen tawinskje fia dit programma. Yn it lêste gefal sil it dan fansels foaral gean om Friezen dy't fia ynternet nei Omrop Fryslân harkje'.
Fersykjes kinne noch oant en mei 15 desimber fia de post stjoerd wurde nei: Omrop Fryslân Fersykplaten,
Postbus 7600, 8903 JP Ljouwert, fia de e-post nei fersykplaten@omropfryslan.nl of jo folje it fersykplaatsje online yn fia www.omropfryslan.nl (radio, Fersykplaten, ‘Oanfraach fersykplaat’).
Omrop Fryslân Radio, Earste Krystdei, 13.00-14.00 oere (FM 92.2 MHz of de ferskate kabelfrekwinsjes of www.omropfryslan.nl).


neinei boppen

Oersichtsútstalling grafysk wurk fan de keunstner Abe Gerlsma yn Tresoar
24 novimber 2008 - 28 febrewaris 2009

Yn Tresoar sil fan 24 novimber 2008 oant en mei 28 febrewaris 2009 yn oparbeidzjen mei de galery De Roos van Tudor in oersichtsútstalling fan it grafysk wurk fan Abe Gerlsma te sjen wêze.

De Frjentsjerter Abe Gerlsma (1919) is syn hiele keunstnerslibben lang boeid en fassinearre troch it tsjinljocht yn it Fryske lânskip. Fryslân yn tsjinljocht, binnen- en bûtendyks, is it wichtichste tema yn al syn artistike wurk.
Algeduerich syn lange keunstnerslibben hat hy in grafysk oeuvre opboud fan mear as 180 wurken. Gerlsma makket faak op grut formaat syn etsen. It leafst printet hy dy platen yn mear kleuren ôf. Mei in subtile kleurstelling, wêrby’t syn foarleafde foar ierdekleuren opfalt, wit hy hast in skildereftich effekt yn syn etsen te berikken. De ôfdrukken, faak mei mear platen printe om sa grutte djipte yn de foarstelling te krijen, dogge ympressionistysk oan.

Op njoggentjin jierrige leeftyd tekent Abe Gerlsma op in ôffalplaatsje sink in ôfbylding fan in wylch yn in snielânskip. Mei selsmakke inket fan glyserine en skuonpoetsersguod, in wollene tekken as filtdoek en in parse út it molkfabryk printet hy syn earste ets ôf. It resultaat is noch net wat de jonge Gerlsma foar eagen hat. Tanksij syn fassinaasje foar technyk is it foar Abe Gerlsma altiten wer in útdaging om mei help fan dy technyk ta it winske artistike einresultaat te kommen. Neist it etsen en skilderjen fertsjinnet hy syn bôle as foarljochter by de Rijkslandbouwvoorlichtingsdienst. Nei syn pensjoen yn 1982 wurdt Abe Gerlsma fulltime keunstner.

Oersichtsútstalling
De lêste ets, ’Bombrekken’, makke Abe Gerlsma yn it jier 2000. Syn ôfrûne kolleksje printen en syn 90ste jierdei yn febrewaris 2009 is reden foar galery De Roos van Tudor út Ljouwert om in oersichtskatalogus fan al it grafysk wurk gear te stallen en út te jaan yn boekfoarm. Tekstbydragen binne levere troch de dichter/skriuwer Eeltsje Hettinga en de skriuwer Jan de Vries.


neinei boppen

Programma-ynformaasje 11-stêdentocht fan 4 novimber ôf

Op 2 jannewaris 1909 waard de alderearste Alvestêdetocht op redens wûn troch de Wergeaster dûmny Minne Hoekstra. Trettjin dagen letter waard de feriening De Friesche Elfsteden oprjochte. Dy feriening soe yn 'e foarige ieu noch fjirtjin kear sa’n wedstriid en tocht organisearje.

Aloan is de Alvestêdetocht útgroeid ta in soarte fan myte. Kommende 15 jannewaris 2009 sil it 100-jierrich bestean fan de Alvestêdeferiening wiidweidich betocht wurde. Omrop Fryslân docht dat op eigen wize, mei alve televyzjedokumintêres. Fan it begjin fan 'e skiednis oant en mei de takomst.

Omrop Fryslân hat dêrby de beskikking oer gâns unyk histoarysk materiaal. De earste Alvestêdetochtbylden binne fan 1917, de tredde Alvestêdetocht. Winner Coen de Koning fan Edam posearret yn Hylpen al foar it stêdhûs, tegearre mei de boargemaster. Mar nichtsje Corry, hjoeddei 93 jier, fertelt oer omke Minne, dy’t dus dy alderearste Alvestêdetocht wûn hat.

Sa giet Omrop Fryslân yn 'e kommende moannen troch mei dy histoarje. We sjogge ûnder oare 'in keardel as Karst’, de winner fan 1929, Karst Leemburg. De manlju dy’t yn 1933 slûchslim de earste tocht om 'e súd wûnen, Abe de Vries van Dronryp en Sipke Castelein fan Warten komme ta libben. Wy sjogge nei de wrede oarlochsjierren, doe’t foar it earst (en lêst) minsken deagiene by it riden fan in Alvestêdetocht. It skitterjende ferhaal fan Sipke Beetstra dy’t yn 1942 fjirde wie en no as man fan 88 jier noch altiten de redens ûnderbynt. De ellinde dy’t it Alvestêdebestjoer hie mei de tocht fan 1947, de echte publykswinst dy’t de wedstriid makke yn de jierren fyftich.

Reinier Paping, Jan Uitham en Jeen van der Berg en in hiel soad oaren oer dy swiere tocht fan 1963. De 22 jier dêrnei, dat de herten fan de riders wyld kloppen, mar de feriening net by steat wie in tocht te organisearjen. Jan Sipkema, ien fan 'e foarsitters fan 'e feriening, dy’t it tinken yn 1985 omsette en sei ‘Net prate oer wat net kin, sjen litte hoe’t it wol kin’. It geloksgefoel wêrmei't de reedriderswrâld, mar ek it massale publyk de tocht fan 1985 ferwolkomme. It ferfolch yn 1986 en 1997. Mar ek de swierrichheden dy’t aloan grutter wurden binne en noch grutter wurde sille om sa’n mytysk mar ek massaal barren yn stân te hâlden.

Wedstriidbylden, bylden fan de toertochten. It gefoel fan gâns minsken dy’t de tocht riden hawwe. Of  ôfstappe moasten fanwegen brutsen redens, knibbelblessueres of it optreden fan de feriening. Omrop Fryslân lit it allegearre sjen.

  11-stêdentocht  tiisdei 4 novimber 2008 fan 18.30 oant 19.00 op Omrop Fryslân Televyzje.
Nochris te sjen de hiele jûn en nacht, alle oeren.


neinei boppen

Fryske Literatuer: Punt of Komma?

It Skriuwersboun, dé organisaasje foar belangebehertiging fan skriuwend Fryslân, organisearret yn ’e mande mei Tresoar in temamiddei mei de titel:

Fryske Literatuer: Punt of Komma?

Op dizze middei sil in debat fierd wurde oer de takomst fan de Fryske letteren.

De neikommende minsken sille in ynlieding hâlde en dielnimme oan de diskusje :

Jannewietske de Vries - kultuerdeputearre
Jitske Kingma - útjouwer
Bert Looper - direkteur Tresoar
Elske Schotanus - skriuwster en bestjoerslid

Koos Tiemersma (foarsitter fan it Skriuwersboun) sil de diskusje tusken dielnimmers en publyk liede.

Jo wurde fan herten útnoege om mei te praten!

Datum:         sneon 8 novimber 2008
Tiid:              ynrin 13.30 oere; start 14.00 oere
Plak:             Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert

It Skriuwersboun en Tresoar binne fan doel yn ’e takomst regelmjittich in Literêr Kafee te organisearjen. Wy hoopje dat dizze debatmiddei (mei fansels skoft en neisit!) in moaie ôftraap foarmje sil.

Tagong fergees!
Plak reservearje/opjaan uterlik tongersdei 6 novimber  fia info@tresoar.nl of skriuwersboun@hotmail.com

Stellingen: 
1. Frysk skriuwe is net seksy
2. Op nei ien grutte útjouwer: \'Iendracht makket macht\'
3. Elke ynspanning om de Fryske literatuer te befoarderjen is lûke oan in dea hynder 4. iPods en e-boeken: kâns of falkûle?


neinei boppen

BERJOCHT

Ik wol jo graach attendearje op it folgjende:
Op 12, 13 en 14 juny 2008 fynt der op it waad by Paesens-Moddergat in bisûnder barren plak: 'Oer de seedyk' in teatraal requiem, skreaun troch Gerrit Breteler.
Taheakke fine jo alle ynformaasje. Der komt nije wike ek in webside yn'e loft : www.oerdeseedyk.nl
Dan start ek de kaartferkeap. Fansels is der in soad flecht op'e koai dêrom mail ik jo alfêst. Fia my kinne jo ek plakken reservearje. Fansels wol ik wol mear ynformaasje jaan as it nedich is.

As jo kaartsjes bestelle wolle www.oerdeseedyk.nl .

Mei freonlike groetnis,

Anke Bijlsma
06 41 60 58 98 / 0519 58 96 59
e-mail: info@gerritbreteler.nl

seedyk

neinei boppen

PARSEBERJOCHT

Wetsus
Omrop Fryslân op Nederlân 2 op snein 6 april '08 14.00 oere

Snein 6 april, om 14.00 oere, stjoert Omrop Fryslân in programma  út oer "Wetsus", it wettertechnologysk Ynstitút yn Ljouwert. Wetsus fungearret as fasilitearjend yntermediair en bringt wittenskip en bedriuwslibben by inoar yn op de praktyk rjochte projekten. Tsientallen, meast jonge promovendy binne dêryn dageliks dwaande mei ûndersyk nei û.o. suvering fan wetter en it winnen fan enerzjy út wetter. In soad ûndersyk bliuwt - út soarte- sûnder resultaat, mar ek mislearrings leverje in soad kennis op. Ut de tsientallen ûndersiken is foar de film keazen foar fjouwer projekten: - enerzjy út it mingen fan swiet en sâlt wetter (Blue Energy, Ofslútdyk); - de suvering fan waskwetter yn droege streken (Yndia); - it heljen fan enerzjy út ôffalwetter mei help fan baktearjen (laboratoariumfaze) en - desintrale sanitaasje: ôffalferwurking yn 'e wenwyk sels (Snits). Wetsus is relatyf ûnbekend wylst der dochs ûndersyk dien wurdt dat op 'e duer ta mondiaal wichtige oplossings liede kin. Utstjoering op snein 6 april 2008 om 14.00 oere op Nederlân 2 Nochris te sjen: snein 6 april fan 18.00 oere ôf op Omrop Fryslân Nochris te sjen: sneon 12 april om 12.25 oere op Nederlân 2 De útstjoering is fan moandei 7 april ôf ek fia www.omropfryslan.nl, www.documentaire.nl  en www.uitzendinggemist.nl te besjen.

 


neinei boppen

PARSEBERJOCHT

programma-ynformaasje Blik op Souder
Stappers fan doe

Op stap gean is fan alle tiden. Blik op Souder nimt jo mei nei de rekerige kafees fan de jierren fjirtich, feestjes yn de fifties, al net mear besteande doarpskafees, it kofjehûs en de romrofte liveoptredens fan de jierren santich. Mei ûnder mear: Ljouwerter kafees Bordelaise en De vier leeuwen, de leste oan ‘e Langemarktstraat, tradisjonele kafees yn Warkum, Koudum en Ald-/Nijhoarne, kofjehûs de Sik in Boalsert anno 1967 en optredens by kultuersintrum Hippopotamus yn Ljouwert yn de jierren santich.
Blik op Souder, moandei 14 april 2008 18.45-18.55 oere (20.45, 22.45). Nochris te sjen de hiele jûn en nacht om de twa oeren.

 


neinei boppen

Ynventaris fan it argyf fan it Kristlik Frysk Selskip útkommen by Tresoar

By gelegenheid fan in ieu Kristlik Frysk Selskip is by Tresoar yn de rige ynventarissen no útkommen de útjefte ‘Ynventaris fan it argyf fan it Kristlik Frysk Selskip’ troch Thys van der Veen. De útjefte is foarsjoen fan in wiidweidige ynlieding. It argyf fan it Kristlik Frysk Selskip berêst yn it depot fan Tresoar en is fan 12 april ôf yn te sjen en oan te freegjen.

It Kristlik Frysk Selskip is de organisaasje dy’t sûnt 1908 yn kristlik-ortodoks fermidden fûleindich foar it Frysk striden hat. Driuwende krêft efter it Selskip wie de grifformearde dûmny Sipke Huismans fan Eanjum. It Selskip sette út ein mei in ambisjeus programma foar it brûken fan it Frysk yn tsjerke en tsjerklik fermidden. Ien fan ’e hichtepunten yn it bestean fan it Selskip wie it útkommen yn 1943 fan de folsleine bibel yn it Frysk. Foaroanmannen as de teolooch G.A. Wumkes en de letterkundige E.B. Folkertsma hiene in grut oanpart yn it ta stân bringen dêrfan. Lange jierren ek kaam it Selskip út mei it eigen wykblêd ‘De Stim fan Fryslân’ en de perioadyk ‘Yn ús eigen tael’. Ien fan de ynisjativen dy’t breed yngong fûn ha by de hiele Fryske befolking is de útjefte fan it ‘Bûsboekje’.

De ynset fan it Selskip hat troch de jierren hinne in grut tal saken omfieme op bestjoerlik -, maatskiplik - en sosjaal - en kultureel terrein. Fan ‘e oprjochting ôf stie it Selskip oan op Frysk yn it ûnderwiis en de wittenskip (Afûk, Fryske Akademy), op ferfrysking fan it provinsjaal - en gemeentlik apparaat en yn gearwurking mei oare organisaasje hat it Selskip gâns út ’e wei sette kinnen. Mei troch organisaasjes as it Selskip hat Fryslân syn eigen identiteit better bewarre en útboud.

Op sneon 12 april wurdt tidens de maitiidsgearkomste it 100-jierrich bestean fan it Kristlik Frysk Selskip feestlik betocht. Middeis fan 14.30 oere oant 17.00 oere wurdt in gearkomste hâlden yn Tresoar, Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum. Dan wurdt ek it jubileumboek ‘It Wiffe Skip’ en de yn boekfoarm publisearre ynventaris fan it argyf fan it Selskip oanbean oan de foarsitter Lieuwe Westra. In tal sprekkers, û.o. de direkteur fan Tresoar Bert Looper, sil by dy gelegenheid it wurd fiere. Fierder wurdt yn in lytse útstalling in byld fan it Selskip sjen litten. Nei in mienskiplik iten fynt jûns om 20.00 oere in fiering yn de Fenix-tsjerke plak mei in optreden fan it Kwartettekoar û.l.f. Hindrik van der Meer.

 


neinei boppen

Omrop Fryslân ‘Uitzending gemist’.

Wisten jo dat…?
Omrop Fryslân sûnt begjin 2007 in nij webstek hat? It adres is itselde bleaun: www.omropfryslan.nl De site is grutte ferbettering, benammen foar jo - as Fries om Utens - is û.o. it part ‘Utstjoering’ fan belang.
Dêr binne in hiel soad programma’s op ienfâldige wize nochris te sjen. Fan ‘Tomketiid’ foar de bern oant ‘De Keet’, de rige dy’t op ’t heden sa yn it nijs is. Fan ‘Lekker ite mei Reitse’ foar de lekkere iters ûnder ús oant ’Boer tsjin Boer’. Mar ek (parten fan) radioprogramma’s binne nochris te hearren. Sa as moaiste dokumintêres dy’t yn ‘Buro De Vries’ op snein útstjoerd binne reportaazjes dy’t yn ‘Omnium’ west ha.
Hoe giet it yn syn wurk?
Gean nei www.omropfryslan.nl en klik yn de grize balke op it fjirde blokje: ‘Utstjoering’. Meitsje in kar oft jo in <<Televyzje of Radio-programma >> hearre wolle. Wachtsje efkes in pear sekonden oant it ferwurke is. Meitsje dan de kar út ien fan de programma’s troch der op te klikken en wer efkes in pear sekonden te wachtsjen oant it ferwurkje is. Kies eventueel noch de dei fan de wike wannear’t it útstjoerd is, mar by in soad programma’s is dat net mear nedich.
Rjochts sjogge jo no de programma’s dêr’t jo út kieze kinne. Klik op de blauwe letters, dat is de link nei it programma. En dan op de tekst ‘Besjoch it fideofragmint’ (it  symboal ‘kamera’ stiet der foar) of op de tekst ‘Harkje hjir nei….’ (symboal lûdsprekkerke stiet der foar).
Jo hoege dus gjin software mear down te loaden ensfh. Mar ferjit net it lûd oan te setten!

Sjoch fierders ek ris yn ús fernijde Omrop Sjop (www.omropfryslan.nl, ‘Ekstra’, ‘Omrop Fryslân Sjop’ of gean streekrjocht nei http://sjop.omropfryslan.nl Thús út de luie stoel wei bestelle en lit jo de produkten mar thús tastjoere (porto is ynklusyf de fermelde prizen).

Mei freonlike groetnis,
Omrop Fryslân, ôfdieling Marketing & Kommunikaasje,
rjochtstreeks telefoannûmer 058 299 78 76.


neinei boppen

Bêste minsken, Goed nijs foar de sneupers.
Jou it troch!
Gr., Hâns J. Weijer, skriuwer FBOU

'Archief LC nu voor iedereen toegankelijk'

Klik op onderstaande link om het artikel te lezen.
http://www.leeuwardercourant.nl/nieuws/regio/article2616383.ece

 

Wa selts sykje wol: www.archiefleeuwardercourant.nl .

Het archief van de Leeuwarder Courant is sinds woensdag voor iedereen digitaal toegankelijk. Alle kranten vanaf 1752 zijn op te vragen. Bovendien kan worden gezocht op willekeurige zoektermen.

Safolle mooglik trochjaan oan leden en belangstellenden!!

 


neinei boppen

frats E-toaniel digitale nijsbrief frats – www.frats.nl

neinei boppen
Obe Postma

Stúdzjedei

Obe Postma Selskip

‘Wijsgerige aspecten van de  poëzie rond 1900 in Nederland’

Anne Wadman neamde him yn syn blomlêzing ‘Frieslands dichters’ de nestor fan de Fryske dichters. En Maarten ’t Hart spruts oer it útsûnderlik hege nivo fan Postma’s poëzy yn syn NRC-bijdrage 'Op een zondag in mei'.  Dizze twa tsjûgen binne represintatyf foar de konstante oandacht foar en de oanhâldende stream publikaasjes oangeande Obe Postma as dichter. Postma, dizze stille en isolearre figuer, dy’t de earste winner wie fan de yn 1947 ynstelde Gysbert Japicxpriis fan de Provinsjale Steaten fan Frieslân.

It yn 2006 oprjochte Obe Postma  Selskip hâldt op freed 16 novimber 2007 in stúdzjedei oer ‘Wijsgerige aspecten van de  poëzie rond 1900 in Nederland’. De fiertaal is Hollânsk. De sprekkers binne dr. Gerlof Verwey (Albert Verwey), dr. Odile  Heynders (Henriette Roland Holst), dr. Marco Goud (P.C. Boutens), prof.dr.  Dick van Halsema (J.H. Leopold), prof.dr. Philippus Breuker (Obe Postma) en  dr. Lucien Custers (J.A. dèr Mouw). Begjin 2008 ferskynt in boek, wêryn de lêzingen opnommen binne.

It troch it Obe Postma Selskip keazen tema is yn hege mjitte aktueel. Noch mar koart lyn  - yn syn artikel ‘Albert Verwey en J. H. Leopold: wonder en waan’ – stelde J. D. F. van Halsema dat it, om sicht te krijen op de poëtikale opfettingen rûnom 1900, nedich is út te gean fan trije kearnbegrypen, nammentlik fernijing, dekadentisme en symbolisme. De dêrmei oantsjutte ferskynsels meitsje it dekor út, wêrtsjin Obe Postma begoun te arbeidzjen oan yn dichterlik oeuvre. Boppedat stie Postma – mei syn sterke ynteresse foar filosofyske streamingen as neo-Kantianisme, Platonisme en Libbensfilosofie (Nietzsche, Simmel) – ûnder de ynfloed fan wat Jan Romein neamde ‘het breukvlak’ tusken twa ieuwen.

Tsjin dizze eftergrûn is it Obe Postma Selskip bliid jo útnoegje te kinnen foar de stúdzjedei. De kosten binne foarr leden fan it Obe Postma Selskip 40 Euro, wylst net-leden 50 Euro betelje. Dielnimmers oan de stúdzjedei ûntfange sûnder fierdere kosten it boek.

Opjefte foar dielnimming oan de stúdzjedei by J. Gulmans, Wagnerlaan 7 te Enschede (e-mail: jan@gulmans.com ). Leafhawwers fan poëzij wurdt foar detaillearre ynformaasje ek ferwizen nei it oktobernûmer fan it tydskrift fan it Obe Postma Selskip ‘Wjerklank.

 


neinei boppen

Frenstjerer Universiteit: Prof. Femme Gaastra te Leijen oer "De VOC en Friesland"

 


neinei boppen

takomst

 


neinei boppen
   

Oankundiging Fryske TaalHelp

Hjirby taheakke in oankundiging fan in nije útjefte fan de Fryske Akademy yn gearwurking mei Polderland.

neinei boppen

PARSEBERJOCHT

Archief CORK naar Tresoar

Tresoar heeft onlangs het archief van de bekende Friese cartoonist CORK, Cor Hoekstra, ontvangen. Het gaat hier om een unieke aanwinst, omdat archieven van dergelijke kunstenaars schaars zijn. De aanwinst is ook heel bijzonder omdat de cartoonist wereldwijd zijn werk publiceerde. 

Cor Hoekstra (1931-1996), geboren in Franeker, was opgeleid tot onderwijzer. Tijdens zijn militaire dienstplicht begon hij met tekenen voor het personeelsblad van de Leeuwarder Vliegbasis. Na enkele jaren als onderwijzer werkzaam geweest te zijn aan de Albertine Agnesschool te Oranjewoud, zegde hij in 1961 de school vaarwel. Al tijdens zijn onderwijzerschap bouwde hij zijn "praktijk" op. Hij stuurde zijn cartoons naar de Friese Koerier en vervolgens naar een groot aantal andere bladen. Eerst in Nederland, maar na verloop van tijd ook naar allerlei buitenlandse kranten en tijdschriften waaronder de Frankfurter Allgemeine, Oost-Europese, Japanse en Arabische bladen. In 1990 werden ze in 35 landen gepubliceerd.

In zijn cartoons heeft hij zich vooral gericht op misstanden in diverse sectoren van de maatschappij. In het begin waren zij vrij onschuldig: een lantaarnpaal die water in plaats van licht geeft. Later wist hij haarscherp in beeld te brengen wat er in de maatschappij fout liep: luchtvervuiling, mismanagement, sportverdwazing en televisieverslaving waren bekende thema's die het leven van de burger zuur maakten. Zijn cartoons van het voetbal en van "voetbalsupporters" waren geliefd bij de redakties maar niet bij de voetballiefhebbers. Ook de inspiratie die hij heeft opgedaan uit het militaire bedrijf heeft hij gedurende zijn gehele werkzame periode kunnen gebruiken. Mensen in uniformen en autoriteiten wekten bij hem al snel argwaan op. Deze argwaan verwerkte hij in zijn cartoons. Andere items waren de techniek en het milieu. De tekenstijl van CORK was zeer herkenbaar. In 1971 ontving hij de "Award for Magazine Art". Een Amerikaanse jury koos hem op grond van 300-400 tekeningen die verschenen in kranten in de V.S., Japan en verschillende andere landen. Deze Award betekende een extra erkenning voor CORK.

In de jaren 80 verzorgde CORK de achterpagina van het Friese tijdschrift De Strikel, die hij steeds weer wist te voorzien van spottende Friestalige strips. Op politiek gebied was hij niet echt aktief, vooral omdat hij, zoals hij zelf zei, te secundair werkte. Toch heeft hij de laatste tijd, nog vóór zijn overlijden zijn licht laten schijnen over de Leeuwarder politiek. Hij dreef daarin de spot met de cultuurpolitiek en de financiële debâcles.
 
Het archief bevat enkele duizenden cartoons, diverse boeken en artikelen en ook documenten betreffende zijn contacten met afnemers. Ook is er Friestalig materiaal over zijn kortstondige samenwerking met de cabaretier Rients Gratama. De bedoeling is dat de cartoons zullen worden gedigitaliseerd.

Op de perspagina's van Tresoar zijn de volgende bijlagen bij dit bericht te downloaden:
 
- Cartoon van CORK (4462 x 2900 px)
- Cartoon van CORK (4462 x 2900 px)
- Cartoon van CORK (4462 x 2900 px)


Meer informatie vindt u op de website van Tresoar (http://www.tresoar.nl) en op de perspagina's van Tresoar (http://www2.tresoar.nl/pers).

 


neinei boppen

Expeditie Leeuwarden : Nijsbrief fan de stêd Ljouwert


neinei boppen

PARSEBERJOCHT


Underwerp : ynformaasje Fryske Fiersichten
In kabelbaan oer it âlde trajekt fan it Dokkumer Lokaaltsje


Jan Dijkstra fan Marrum, masineboukundige mei de VUT, sjocht it hielendal sitten. Hy wit al watfoar gondeltsjes der oer de Fryske greiden sweve moatte. Mar yn Grins leit der in plan foar in kabelbaan dy't alle parkearproblemen fan de stêd yn ien kear oplosse kin en dêr is it kolleezje net entûsjast oer.

Fryslân Ferbynt
It oare plan komt fan in grut yngenieurs- en advysburo DHV Grins wol in gearwurkingsferbân fan Fryske ûndernimmers yn Fryslân Ferbynt. Fan de Fryske identiteit kin neffens de advysmannen folle better profitearre wurde. Dus: it ‘merk Fryslân’ moat foar hegere hannelsifers soargje.

 


 download: Fotosboek

 ©  Kopiearrjocht -- Frysk Boun om Utens  ® -- 2005