Kursusoanbod 2010 fan de Folkshegeskoalle op Skylge
Desimber 29th, 2009Hjirby it ynskriuwformulier fan it kursusoanbod 2010 fan de Folkshegeskoalle op Skylge. Foar mear ynformaasje sjoch www.folkshegeskoalle.nl .
Gr., Hâns JW
Hjirby it ynskriuwformulier fan it kursusoanbod 2010 fan de Folkshegeskoalle op Skylge. Foar mear ynformaasje sjoch www.folkshegeskoalle.nl .
Gr., Hâns JW
Nijs yn it Frysk, op ien hiemside
It Frysk hat him de lêste desennia ûntwikkele ta in folsleine kultuertaal, mar bûten Omrop Fryslân wurdt der noch net folle Frysk yn it nijs brûkt. Eins soe it hiel gewoan wêze moatte dat jo yn Fryslân it nijs yn de eigen taal krije. Minsken binne wend dat de kranten it Hollânsk brûke en sa no en dan in stikje yn it Frysk, Stellingwerfs of Bildts op te nimmen. Noch minder faak is der in stikje yn it Stêdsk. En dan giet it ek faak allinne noch mar oer saken dy it Frysk of Fryslân oanbelangje. Om it Frysk ek by it nijs in folwoeksen plakje te jaan hat de Ried fan de Fryske Beweging in nije hiemside op it ynternet setten. It is in nijsside mei as adres www.itnijs.nl. De side ûnderskiedt him op tal fan punten fan oere nijshiemsiden. It is de earste folslein Frysktalige Nijsside dy’t him net beheint ta de regio. De nijsfoarsjenning wurdt ûnderhâlden troch frijwilligers. Op de nijsside komt nijs fan de hiele wrâld oant it nijs hiel ticht by. Ek sil de Ried berjochten pleatse út de oare Fryslannen. De Ried wol safolle mooglik aktiviteiten dy’t yn Fryslân plakfine in plakje jaan op de hiemside. De hiemside moat in middelpunt wurde fan it Frysk op it ynternet.
De Ried fan de Fryske Beweging stjoert ien kear yn de twa wiken in digitale nijsbrief. Wolle jo de nijsbrief ûntfange stjoer dan in e-post nei ynfo@fryskebeweging.nl
Der is noch romte foar nije korrespondinten. Wa’t der niget oan hat om nijs oan te leverjen kin kontakt opnimme mei de Ried. We sykje foaral oersetters dat binne minsken dy’t in stikje tekst krije middels de e-post en dit dan oersetten werom stjoere.
Op donderdag 26 november (om 16.30 uur) lanceert Tresoar een nieuwe website met kaatsfoto’s: www.kaatshistorie.nl
In 2008 is met het digitaliseren van het historische beeldmateriaal gestart en op 26 november zullen de eerste resultaten te zien zijn. Het gaat om ongeveer 2500 foto’s en enkele filmfragmenten. In de loop van 2012 zullen alle foto’s en filmfragmenten gedigitaliseerd zijn.
Het kaatsmuseum van de Koninklijke Nederlandse Kaats Bond (KNKB) en Tresoar hebben dit project gezamenlijk gestart om de foto’s en films van het kaatsmuseum te digitaliseren. Doel van de samenwerking is om de bijzondere collectie kaatsfoto’s beter te kunnen bewaren voor de toekomst en ze, via het internet, ter beschikking te stellen voor belangstellenden.
Een dag later, op 27 november, tijdens de algemene najaarsvergadering van de KNKB, zal de website gepresenteerd worden aan de kaatsbestuurders.
De foto’s fan de 86e Algemiene Gearkomste yn Meppel en it feest fan it 85e jierrich bestean fan de krite “Waling Dykstra” stean op it webstek. As jo HJIR op drukke komme jo by de foto’s.
Jan Bijkerk
Sa’t jimme tink wol witte docht de helte fan it bestjoer fan It Boun de lêste pear jier mei oan de ‘putsjewike’ op Skylge. Dat hâldt yn ûnderhâldsputsjes oan de Folkshegeskoalle fan moandeis o/m freeds. De oarspronklike putsjeploech hie ferlet fan meidoggers en dêr binne wy as Bounsbestjoer op ynsprongen. Yn in petear mei de direkteur fan de Folkshegeskoalle, frou Klaske Jaspers, kaam it sa te praat, dat hja sei: “Wolle jimme ris besjen oft it net mooglik is en organisearje in wykein, midwike of in hiele wike foar jimme leden op ús Folkshegeskoalle? Mei elkoar kinne wy dêr in moai program foar opsette en sa, wat jimme as bestjoer yn gong set hawwe, de bân mei de Friezen om utens ferstevigje”. Dat like ús ek wol wat, fandêr dat wy no ris hifkje wolle, oft dêr belangstelling foar is. Praat der ris oer; as wy, lânlik besjoen, sa’n 20 dielnimmers hawwe, dan kin it al wat wurde.
De folkshegeskoalle leit by it plakje Hoarne; moaier en rêstiger kin it net. En de fersoarging? Dat kin net better!
HJW
It kommende Kaderwykein is al fêstlein en wol op freed 1 en sneon 2 oktober 2010 en ek op itselde stee, Buitengoed Fredeshiem, Eiderberg 2 De Bult / Stienwyk. Derfan útgeand dat der wer genôch leafhawwers wêze sille.
Wat hâld it/in Kaderwykein yn? It is in wykein foar bestjoerders, frijwilligers en belangstellenden, om elkoarren te moetsjen, ynformaasje út te wikseljen, en ynspiraasje op te dwaan oangeande it riden en farren fan de kriten en wat dêrmei gearhinget.
Mooglike ûnderwerpen: Fryslân grien of griis, wetterskip – 5 nije akwadukten, toaniel, AFUK - Edu-Frysk (leare fia ynternet) , Fryslân Ferbynt …….
Komme jo sels goede ideeën yn it sin, lit it ús dan witte – doufie@ziggo.nl
Douwe Fierstra.
Hja wolle graach safolle mooglik minsken hawwe dy’t lid fan it netwurk fan Fryslân ferbynt wurde. Dat hâldt yn fergees in profyl oanmeitsje op harren webside. Jo freegje je miskien ôf, hawwe se dan wol wat oan my? Dat kin mar sa, of oan jo of oan kunde fan jo, in freon of in oare relaasje. It giet om in (begjinnend) netwurk, dat hieltyd mear ynhâld krijt en har mei New York 400 al aardich bewiisd hat. Mar dat hearre jimme op de AG wol fan de ynlieder.
HJW
Friezen en Friezen om utens,
Al ferskate jierren giet in groep Friezen en Friezen om utens yn ‘e maitiid op reis nei it Noarden fan Dútslân. Wy besykje yn de 7 dagen dy’t wy dêr tahâlde alderhande nijsgjirrige dingen, sa as tsjerken, it Friezen ynstitút yn Bredstedt, ien fan de Waadeilannen, kastielen en tunen. Ek is foar ús hiel wichtich it gesellich mei-inoar op reis gean. Ien jûn ha wy kontakt mei de Noardfriezen, sy besykje ek harren taal en gebrûken te bewarjen. De kosten foar dizze 7 dagen binne ûngefear €450,= de man; dêr sit by yn de reis, slieperij en moarnsbrogge, hast alle dagen kofje mei gebak, yntrees, foai foar de sjauffeur en waarm iten.
Mochten jo nijsgjirrich wêze, skilje mei immen fan it bestjoer, wy wolle jo fragen graach beänderje.
Begjin jannewaris stjoere wy ús reisgenoaten it reisprogramma ta. Mochten jo mei wolle, reagearje dan sa gau as it kin. Der kinne op syn meast 54 mei. “Fol is fol”. Dan komme jo op de reservelist.
Ha goeie,
Hjirby op fersyk fan Janke Bergmans, lieder fan de SBF, har stikje oer de Bosatlas fan Fryslân. Graach yn de kriteboekjes opnimme. It kin fansels ek op in kritejûn bekend makke wurde dat bestellings fia de boekferkeaper (SBF) dien wurde kinne.
Mei fr. gr., Hâns J. Weijer
As lieder fan de SBF ha ik in eksimplaar fan “De Bosatlas van Fryslân” yn ‘e hûs. It oertreft al myn ferwachtingen, it is in ien wurd in prachtich boekwurk yn in stevige kassette.
Yn it boek binne 16 rubriken opnaam. Ik neam wat foarbylden:
topografyske kaarten, histoaryske kaarten, gemeenten, ûnderwiis- kultuer en godstsjinst, taal en literatuer, rekreaasje, sport ensfh. Koartsein, in folslein boek oer Fryslân !
Dizze atlas is te djoer om yn ‘t foar yn te keapjen en dan op de boeketafels by de kriten te lizzen. Hy kostet € 99,95 oant 31 desimber 2009, dêrnei € 119,95.
It is myn bedoeling om it ynsjoch-eksimplaar safolle mooglik mei te nimmen nei de kritejûnen dêr’t ik kom. Ek is de atlas te besjen op de Algemiene Gearkomste op 7 novimber yn Meppel. Der is ynformaasje beskikber yn de foarm fan in kleurefolder. Foar eltse krite binne 2 stiks beskikber.
Hoe krije jo dit prachtige boek yn jo besit ?
Yn de folder sit in bestelkaart (dy kin kopiearre wurde). Dit (kopiearre) bestelformulier graach ynfolje en ynleverje by de boekeferkeaper fan jo krite. At de krite gjin boekeferkeaper hat meie jo it ynfolle formulier ek streekrjocht nei my tastjoere. (Langeweg 75, 4133 AT Vianen)
Janke Bergmans, (lieder SBF)
Hjir meitsje ik in foarbyld fan it skiuwen yn ús weblog fan it Boun foar it kaderwykein yn Stienwyk út namme fan de krite út Boadegraven
Op it kaderwykein op sneontemoarn ha ik mei jimme ôfsprutsen dat de foto fan Hans Weijer no ek in kear op it weblog komt.
No, hjir stiet hy dan einliks op de foto!!

Jan Bijkerk.