24f1 Weblog fan It Frysk Boun om Utens » WEBMASTER

Argifeard op 'WEBMASTER'

“Facinating” Fryslân!

Woansdei, Maaie 1st, 2013

Hjir kinne jimme in moai filmke besjen oer Fryslân. It is yn it Ingelsk.

Webmaster.

Kritekrantsje fan krite Meppel stiet op it webstek

Tongersdei, April 25th, 2013

Nei de oprop om de kritekrantsje op it webstek te setten, kriget de webmaster fan in pear kriten it krantsje tastjoerd. Dizze kear wie it de krite Meppel. Op de bledside fan Meppel (Waling Dykstra) stean de trije Kriteluden: novimber 2012, jannewaris en maart 2013. Hokker krite komt der no?? Ik bin benijd!

De webmaster.

YNFORMAASJEMAP fan APRIL is út!!

Tongersdei, April 18th, 2013

Bêste leden fan de krites,

De ynformaasjemap fan april 2013 mei alle feroarings stiet op ús webstek. Sjoch hjir rjochts neist dit skriuwen.
De webmaster.

Brief fan de Keninginne foar it boek “Friezen yn ‘e Frjemdte”.

Snein, April 7th, 2013

Bêste minsken,

Juster op de AG yn Hilversum hearden wy dat der in eksemplaar fan it boek “Friezen yn ‘e Frjemdte” oan Har Majesteit de Keninginne oanbean is. It bestjoer krige in brief werom fan de Algemien Skriuwer fan Har Majesteit de Keninginne.

Jimme kinne de brief hjir lêze.

De webmaster.

Nijs fan 89e Algemiene Gearkomste yn Hilversum

Snein, April 7th, 2013

Bêste leden fan de Fryske kriten,

Üs foarsitter Hans Dijk yn funksje

Juster, 6 april 2013 is bij de krite “Frysk en Frij” yn Hiversum de 89e Algemiene Gearkomste fan it Frysk Boun om Utens hâlden. De opkomst wie tige goed. De wurklist is troch ús Bounsfoarsitter Hâns Dijk wer hielendal op tiid troch rûn. Ek wie der in gastsprekker: Lutz Jacobi, lid fan de 2de Keamer. Lutz hat ferteld hoe sy stiet tsjinoer it slagjen fan in goeie posysje fan de Fryske Omrop yn de takomst. Ek waard der ôfskie nommen fan in twatal bestjoersleden: Hâns Weijer en Boukje Andringa. Boukje koe der jammergenôch net bij wêze troch famylje-omstannichheden. Beide minsken hawwe in protte foar ús Boun betsjutten. Hâns Dijk hie foar Hâns Weijer in lietsje op papier setten en dat ha wy mei-inoar songen.

Hjir is it lietsje te sjen.

Ek is Hâns Weijer ta earelid fan it Boun beneamd. Hâns, fan herte lokwinske mei dizze ear!

Hâns en Froukje Weijer.

De hiele dei is tige goed fersoarge troch de krite Hilversum, dy’t dit jier 66 jier bestiet.

De foto’s fan dizze hiel moaie dei binne HJIR te besjen. [Graach de foto’s sorteare op namme!]

Nei it waarm iten koenen de minsken mei de leden fan de krite “Frysk en Frij” noch nei de flat “Kerkelanden”. Dêr waard troch it musykteater MeM fan Boalsert mei harren nije programma “SOER & SWIET”, in musykale jûn fersoarge.  It wie in tige noflike jûn.

Ek fan dizze jûn kinne jimme HJIR de foto’s besjen. [Graach de foto’s sorteare op namme!]

De webmaster.

55e4

Wurdt ús webstek troch de kriten brûkt?

Freed, Maart 15th, 2013

De kritekrantsjes bliuwe efter!!

Dit jier hawwe jimme as kriten tige jim bêst dien om it webstek te follen. Mar dizze webmaster is net sa gau tefreden! Ik wol jim freegje om ek jimme kritekrantsjes op it webstek te setten. Dan kinne oare kriten ek lêze wat jimme skriuwe en wat de nijsgjirrichheden in jimme krite binne. Ik ha efkes út socht hokker krite it program en de kritekrantsjes op it webstek sette.

Dat kinne jim hjir lêze.

Sa as jimme sjogge yn dit skriuwen bliuwe de kritekrantsjes efter oangeande it pleatsen op it webstek. Ik soe sizze, stjoer jim krantsjes sa folle mooglik nei de webmaster ta, dan set ik se op it webstek.

Ik ha foar jim gemak alle krantsje op ien blêdside pleatst.

Mailadres: webmaster@fryskbutenfryslan.nl

Groetnis,
De webmaster.

Nijs oer de Friezedei en de AG yn Hilversum

Freed, Maart 1st, 2013

Op ús webstek is hjoed mear nijs te sjen oer de Friezedei fan sneon 21 septimber 2013 en de 89e Algemiene Gearkomste op sneon 6 april o.s. yn Hilversum.

Groenis, Jan Bijkerk.

No Goeie !!!!

Sneon, Novimber 11th, 2006

Wolkom by us weblog. Mei dizze weblog kin eltse Krite har berjochtsjes op dizze webstek sette!

1f6d

0