a055 Weblog fan It Frysk Boun om Utens » Blog Argyf » Nijs yn it Frysk, op ien hiemside !!

Nijs yn it Frysk, op ien hiemside !!

Nijs yn it Frysk, op ien hiemside

It Frysk hat him de lêste desennia ûntwikkele ta in folsleine kultuertaal, mar bûten Omrop Fryslân wurdt der noch net folle Frysk yn it nijs brûkt. Eins soe it hiel gewoan wêze moatte dat jo yn Fryslân it nijs yn de eigen taal krije. Minsken binne wend dat de kranten it Hollânsk brûke en sa no en dan in stikje yn it Frysk, Stellingwerfs of Bildts op te nimmen. Noch minder faak is der in stikje yn it Stêdsk. En dan giet it ek faak allinne noch mar oer saken dy it Frysk of Fryslân oanbelangje. Om it Frysk ek by it nijs in folwoeksen plakje te jaan hat de Ried fan de Fryske Beweging in nije hiemside op it ynternet setten. It is in nijsside mei as adres www.itnijs.nl. De side ûnderskiedt him op tal fan punten fan oere nijshiemsiden. It is de earste folslein Frysktalige Nijsside dy’t him net beheint ta de regio. De nijsfoarsjenning wurdt ûnderhâlden troch frijwilligers. Op de nijsside komt nijs fan de hiele wrâld oant it nijs hiel ticht by. Ek sil de Ried berjochten pleatse út de oare Fryslannen. De Ried wol safolle mooglik aktiviteiten dy’t yn Fryslân plakfine in plakje jaan op de hiemside. De hiemside moat in middelpunt wurde fan it Frysk op it ynternet.

De Ried fan de Fryske Beweging stjoert ien kear yn de twa wiken in digitale nijsbrief. Wolle jo de nijsbrief ûntfange stjoer dan in e-post nei ynfo@fryskebeweging.nl

Der is noch romte foar nije korrespondinten. Wa’t der niget oan hat om nijs oan te leverjen kin kontakt opnimme mei de Ried. We sykje foaral oersetters dat binne minsken dy’t in stikje tekst krije middels de e-post en dit dan oersetten werom stjoere

683

Leave a Reply

You must be logged in to post a comment.


0