eabc Weblog fan It Frysk Boun om Utens » Blog Argyf » WYKEIN SKYLGE

WYKEIN SKYLGE

Graach omtinken oan dizze meidieling fan it Frysk Boun om Utens.

 Bêste minsken,

Hjirby fine jo opnij in oprop foar it Skylgewykein fan 14-16 oktober 2011 foar de Kritekrantsjes of om op jimme Kritejûnen te fertellen. Der binne no 10 oanmeldingen en it soe spitich wêze foar harren dat it net troch gean kin. mw. Jaspers hat de opsje ferlenget.  It wie ek wol tige betiid de earste kear fan publisearjen. Dêrom graach nochris

Foar it wykein nei Skylgeralân ha wy in opsje oant 1 april 2011. Wy wolle witte of der genôch dielnimmers binne. Tiid: fan 14-16 oktober 2011. Wy ha yn oerlis mei Klaske Jaspers, de direkteur fan de Folkshegeskoalle in aardich program opset. It is ynformatyf en gesellich.

Programma: freeds:15.00 oere mei de boat út Harns, nei it waarm iten is der jûns by it hurdfjoer film of dia’s fan it eilân Skylge. Sneons: Nei it moarnsbrochje in kuier oer it eilân en middeis frij foar museumbesyk. Jûns wer by de iepen hurd sang en musyk mei lûkpûde. Sneins: Fertelt Klaske ús oer de Folkshegeskoalle doe en no. Nei de middeisbôle binne wy frij en om 17.30 oere geane wy werom mei de boat en krije wy waarm iten oan board. 20.00 oere werom yn Harns.

Kosten: ferbliuw, iten en de boat binne ca. € 225,-. p.p. as der minimaal 30 dielnimmers binne. Ha jo noch nea op Skylge west? Dan is dit jo kans mei in hiel goed fersoarge wykein “all in” fan freed 15.00 oere mei de boat en sneintejûn om 20.00 oere werom yn Harns.

Graach in reaksje foar 1 april 2011 of sa gau mooglik nei Boukje Andringa 030-2203528 of mail Boukje Andringa.

685

Leave a Reply

You must be logged in to post a comment.


0